Tresoar siket help by grut ynfierprojekt Fryske ferstjeraktes

oktober 16, 2018 08:01

Fan wa bisto ien? Om digitaal ûndersyk nei Fryske foarâlden makliker te meitsjen siket Tresoar frijwilligers dy’t famyljerelaasjes tafoegje wolle oan in heal miljoen ferstjeraktes yn it projekt ‘Heden is overleden’. Eltsenien kin op syn eigen kompjûter in bydrage leverje op it platfoarm FryskeHannen.frl

Foto: Tresoar

It ultime begjinplak foar in syktocht nei Fryske famyljeskiednis is de grutte genealogyske database op AlleFriezen.nl. Dêrop steane de ferstjeraktes fan 750.000 Friezen. By likernôch in heal miljoen aktes binne allinne de nammen fan de ferstoarnen ynfierd, mar net dy fan de âlden en partners. En krekt dy gegevens binne sa belangryk: dêrmei kin Tresoar persoanen firtueel oaninoar keppelje en bygelyks stambeamûndersyk in stik makliker meitsje. No’t de technyk ús helpe kin, wol Tresoar besykje om dêryn in grutte stap te setten. Wolle jo meihelpe? Jo kinne josels oanmelde by it projekt ‘Heden is overleden…’ op it platfoarm FryskeHannen.frl en fuortdaliks begjinne.

Oer FryskeHannen.frl
Mei it twatalige platfoarm FryskeHannen wol Tresoar grutte digitalisearre kolleksjes ferrykje mei gegevens. Dat kinne de eigen argiven wêze, mar ek oare organisaasjes kinne fia FryskeHannen harren kolleksjes foar bewurking foarlizze oan harren efterban. Earder al beskreaunen frijwilligers op FryskeHannen.frl tûzenen ûnderdûkerskaarten en dia’s fan Fryske monuminten. Tegearre mei Omrop Fryslân wurdt wurke oan it projekt ‘Omroplûden’, wêrby’t frijwilligers helpe mei de beskriuwing fan tûzenen oeren omropmateriaal.

oktober 16, 2018 08:01
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.