Topstik weromfûn nei museumbrân Brazilië

oktober 20, 2018 08:56

Bonkerak fan Lucy (Wikipedia – publyk domein)

In topstik fan it Nasjonaal Museum fan Brazilië yn Rio de Janeiro blykt de ferwoastende brân fan begjin septimber oerlibbe te hawwen. It âldste fossyl fan it lân is foar it grutste part yntakt weromfûn yn it pún.

It giet om de rêsten fan ‘Luzia’, in frou dy’t 12.000 jier lyn op it kontinint wenne. By it trochsykjen fan it útbaarnde gebou waarden de bonken weromfûn yn in klûs. It fossyl is yn opfallend goede steat, seit it museum. Sa’n tachtich persint fan de resten is weromfûn, de harsenpanne is sels noch folslein. It fossyl is wol útinoar fallen trochdat de lym net tsjin de hjitte fan it fjoer bestân wie. Neffens de direkteur fan it musum binne der noch mear wichtige stikken weromfûn nei de brân. Hy wol gjin details jaan salang’t it ûndersyk noch net hielendal klear is.

Luzia waard yn 1975 fûn yn in grot by de stêd Belo Horizonte. De fynst bewiisde dat it kontinint yn twa perioaden befolke waard. Har namme ferwiist nei dat oare ferneamde skelet fan in minskeftige, Lucy. Troch de brân yn it Nasjonaal Museum gie op 3 septimber it âldste wittenskiplik ynstitút fan Brazilië folslein ferlern. Der binne plannen om it museum wer op te bouwen, mar dat sil miljoenen euro’s kostje en jierren duorje.

oktober 20, 2018 08:56
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.