Terrorist stekt yn Keulen famke yn ’e brân

oktober 15, 2018 17:41

In Arabyske man op it stasjon fan Keulen twa froulju ferwûne. Neffens guon media hie er harren gizele en easke er yn ruil foar harren frijheid de frijlitting fan IS-terroristen. De plysje hat de man delsketten.

Om kertier foar ienen stiek de man yn in McDonald’s-fêstiging op it stasjon de skonk fan in fjirtjinjierrich famke yn ‘e brân. Hja flechte nei it apoteek op itselde stasjon. De gizelnimmer folge har. Yn de apteek gizele er har en in oare frou, dy’t licht ferwûne rekke.

De plysje hat mei in protte minsken in ynfal dien en de dieder delsketten. Hy rekke swierferwûne en is reanimearre. De twa slachtoffers binne nei it sikehûs ta brocht. Tsjûgen sizze dat der sketten is en dat der hângrenaten ta ûntploffing brocht binne. De dieder soe in Arabyske man fan in jier of sechtich wêze. Guon media melde dat er bannen hie mei terreurorganisaasje IS.

Alle treinferkear yn Keulen lei fan ‘e middei stil. Dat makke dat in protte reizgers de stêd net yn of út koene. Rûnom yn ‘e binnenstêd fan Keulen sieten minsken te wachtsjen op oar ferfier.

oktober 15, 2018 17:41
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.