Tattoo & Ceramics om reden fan súkses ferlinge

oktober 22, 2018 09:02 Fernijd

De útstalling Tattoo & Ceramics yn Keramykmuseum Prinsessehôf yn Ljouwert is om reden fan súkses ferlinge oant en mei 25 novimber 2018.

Njoggen foaroprinnende tatoeaazjeartysten út binnen- en bûtenlân wurkje mei in nije ûndergrûn: keramyk. Yn de útstalling toane de resultaten de mearsidigens fan de hjoeddeiske tatoeaazjekeunst: fan ienfâldige handpoking oant fotorealistysk en fan tradisjoneel pre-kristlik oant modern. De útstalling Tattoo & Ceramics is in gearwurking tusken it Prinsessehôf, Ljouwert-Fryslân Kulturele Haadstêd fan Europa 2018 en Sundaymorning@EKWC.

Foto: Ruben van Vliet

Yn de útstalling is in tal servizen te sjen dy’t skildere binne troch de tatoeëarders. De opstelling lit sjen dat tatoeaazjes en keramyk in protte oerienkomsten hawwe. Beide binne it iuwenâlde ambachten dy’t oer de hiele wrâld beoefene wurde. In einprodukt is in kostber besit en in persoanlike utering fan smaak. It setten fan tatoeaazjes op de hûd is, krekt as it bewurkjen fan keramyk, in riskant proses, in flater is dreech te korrizjearjen. It duorsum aspekt fan beide keunstfoarmen soarget derfoar dat it einprodukt in besit foar it libben is. De stilen rinne útinoar, fan moderne ûntwerpen oant tradisjonele pre-kristlike keunst. Yn Tattoo & Ceramics komme de stilen en ambachten byinoar yn in yntime eksposysje.

Eksperimint
It Prinsessehôf en Ljouwert-Fryslân Kulturele Haadstêd 2018 nûgen njoggen foaroansteande tatoeaazjeartysten út foar in unyk eksperimint. De tatoeëarders krigen in stoomkursus keramykdekoraasje yn it Europeesk Keramysk Wurksintrum (EKWC). Hja hiene dêrnei in wike de tiid om porsleinen servysguod yn harren eigen styl te bewurkjen. Diskear gjin libbene hûd, mar koel keramyk. De keunstners wurken yn twatallen, en in inkel trijetal, oan de te presintearjen ûntwerpen. De dielnimmers wiene: Andrew Abramchik (BLR) , Michaud Elie Jonathan (FR), Elbrich Schoorstra (NL), het duo Expanded Eye (GB), Fabiënne Demmer (NL), Maaike de Jong (NL), Jakub Vaniš (CZ) en Joris Mous (NL).

Europeesk Keramysk Wurksintrum
Jierlike ferbliuwe ferskate keunstners yn it EKWC, dêr’t se de gelegenheid krije om te eksperimintearjen mei keramyk. It Prinsessehôf makket faker útstallings mei wurk fan keunstners dy’t sa’n wurkperioade efter de rêch hawwe. It doel is de ûntjouwing fan keramyk yn de byldzjende keunst, ûntwerp en arsjitektuer te stimulearjen.

Tattoo & Ceramics wurdt mei mooglik makke troch Ljouwert-Fryslân Kulturele Haadstêd fan Europa 2018 en Sundaymorning@EKWC.

oktober 22, 2018 09:02 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.