Sybren Singelsma: Bist in kloatsek ast kokaïne snúfst!

oktober 28, 2018 08:13

Kollum

Okee, dus do keapest skarrelaaien by de AppyHappy, omdat it dy foar dy hinnen begruttet om yn fan dy lytse koaikes  te moatten, en dat wolst net. As it kin, kiest bio, want dat is better foar it miljeu. Giest op ’e fyts nei it wurk, want dat is better foar it klimaat. En wa wol de ierde no net rêde?

Foie gras is it lêste datst ite soest, want hoe’t dy bisten behannele wurde, dat is dieremishanneling, en do wolst eins wol fegetariër wurde, mar dat is no noch wat ûnpraktyk, sosjale ferplichtingen en sa. Mar do bist wol mei de maatskippij dwaande, folgest de polityk en sjochst nei DWDD, stimst GrienLinks of GrienRjochts.

Nee, oan dy sil it net lizze, dy bettere wrâld, miskien net mear de ferbylding oan ’e macht, mar de enerzjytransysje moat trochset wurde. Apart, datst dan wol kokaïne snúfst, foar de enerzjy en om de hiele wrâld oan te kinnen. En ast wol ris in piltsje slokst, kinst lekker elkenien oankrûpe, gesellich net?

Dêr tinke se yn Meksiko oars oer. Dêr binne alle wiken deaden te betreurjen yn de boargeroarloch dy’t al mear as tsien jier yn it lân woekeret. Yn de striid tusken drugkartels en oardertroepen binne al mear as 28.000 deaden fallen. Dat komt trochdat dyn kokaïne in stikje is fan dy 10 miljard omset yn ûnder mear kokaïne. En dêrmei draachsto by oan dat geweld yn Meksiko, en yndirekt oan de ferkiezing fan Trump, want dy wol dat mei in muorre dan wer tsjinhâlde.

Okee, dyn kokaïne komt dêr net wei? Dyn piltsjes komme yndied út Nederlân. ‘Koopt Nederlandse waar, dan helpen wij elkaar!’ No, dat hawwe wy witten. Nederlân stiet yn de top trije fan lannen dy’t syntetyske drugs produsearje. Fuortsjen kin ek net mear, want oant yn de fierste úthoeken fan it lân wurdt gemysk ôffal út yllegale drugslaboratoaria dumpt. Yllegaaal fansels. En do wiest dochs sa foar it miljeu? Dan moatst dus no ek ophâlde mei dy piltsjes.

Wêrom soe wat foar biohinnen jildt, net foar drugs jilde? Dêr is it ek de konsumint dy’t útmakket hoe’t de produksjekeat derút sjocht. Frjemd datsto dy wol drok makkest oer hinnen en net om minsken. Dy Meksikaanske drugskarteloarloch sil dy woarst wêze, sa’t it liket, en dy libbensgefaarlike syntetyske drugs, dy’t as snobbersguod omparte wurde, binne dyn probleem net.

En wêrom net? Omdatst no ienkear in kloatsek bist ast kokaïne snúfst!

Sybren Singelsma wie oant foar koart Ofdielingshaad by it Komitee fan de Regio’s fan de Europeeske Uny. Hy skriuwt foar It Nijs op persoanlike titel.
oktober 28, 2018 08:13
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.