Sûnensûndersyk ûnder bern yn Fryslân

oktober 24, 2018 12:45 Fernijd

Fryske âlden fine dat de sûnens fan harren bern oer it gehiel nommen (tige) goed is. Bern út ienâlderhúshâldingen en bern dy’t opgroeie yn in húshâlding mei in lege sosjaal-ekonomyske status hawwe wol folle faker swierrichheden mei de sûnens. De ôfrûne perioade ûndersocht GGD Fryslân de sûnens fan de Fryske bern. Dêr follen âlden in fragelist foar yn. Der diene sawat 11.000 âlden mei bern oant 12 jier oan mei. Foar it earst befrege GGD Fryslân ek de âlden fan bern fan 0 oant en mei 3 jier.

Opfallende resultaten
Alle resultaten stean op in rige yn in online magazine. In greep út de opfallendste resultaten:

  • As it giet oer de psychososjale sûnens, blykt dat 3-jierrigen  faker problemen hawwe as 4- oant en mei 12-jierrigen (24% om 17%).
  • Alden fan bern ûnder de 4 jier lykje dêr mei it smoken en drinken mear rekken mei te hâlden as âlden mei bern fan 4 oant en mei 12 jier.
  • Ferlike mei it sûnensûndersyk yn 2015, drinke bern fan 4 oant en mei 12 jier mear wetter (2015: 39%, 2018: 51%). Se drinke ek minder sûkerhâldende dranken (2015: 70%, 2018: 60%), ite mear fruit (2015: 61%, 2018: 71%) en mear griente (2015: 37%, 2018: 44%). It persintaazje oergewicht is lykwols gelyk bleaun.
  • Bern fan 4 oant en mei 12 jier bewege oer it gehiel nommen minder, ferlike mei it ûndersyk fan 2015. It persintaazje bern dat elke dei rinnend of op ’e fyts nei skoalle ta giet wie 68% yn 2015 en is no 58%. En it tal bern dat alle dagen in oere beweecht is sakke fan 45% nei 39%. Dêrneist is der in lichte delgong yn it persintaazje bern dat teminsten ien kear yn ‘e wike sport by in feriening/klup of sportskoalle (2015: 81%, 2018: 79%).

De resultaten fan it ûndersyk jouwe gemeenten de mooglikheid om har op ’e hechte te stellen fan de situaasje yn gebieten, wiken of doarpen. Dêrtroch kin sekuerder belied fierd wurde. De gemeenten binne dêroer ynformearre.

oktober 24, 2018 12:45 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.