Súdwest-Fryslân wint ferkiezing Skjinste Winkelgebiet

oktober 31, 2018 07:45

De gemeente Súdwest-Fryslân is as earste einige yn de kategory ‘Middelgrutte gemeente’ yn de ferkiezing fan Skjinste Winkelgebiet 2018. De ferkiezing is organisearre troch de Stichting Nederland Schoon.

It sintrum fan Warkum (foto: Gemeente SWF)

Fan it twadde nei it earste plak
Yn de ôfrûne moannen binne 583 winkelgebieten ûndersocht yn 123 gemeenten. Foar Súdwest-Fryslân wiene dat de winkelgebieten fan Boalsert, Warkum en Snits. Súdwest-Fryslân die ferline jier foar it earst oan de ferkiezing mei en wûn doe de twadde priis.

Wethâlder Erik Faber mocht de priis yn ûntfangst nimme. “Ik bin der tige grutsk op dat wy dizze priis wûn ha”, seit Faber. “Us gemeente set him folop yn om it swalkôffal werom te kringen. Sûnder ús ynwenners, ûndernimmers en fansels de meiwurkers fan Súdwest-Fryslân hiene wy de priis nea yn ’e wacht sleept. Dat is in komplimint foar ús allegear.”

Oer Stichting Nederland Schoon
Nederland Schoon wol swalkôffal yn Nederlân foarkomme en bestride. Oan ’e hân fan kampanjes, ûndersiken, gearwurkings, it dielen fan kennis en it jaan fan advys oan bedriuwen komt de stichting yn aksje tsjin swalkôffal.

It is de sechde kear dat Nederland Schoon de ferkiezing “Skjinste Winkelgebiet” organisearret. Mear ynformaasje stiet op www.nederlandschoon.nl.

oktober 31, 2018 07:45
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.