Stoarmrin, mars foar mear bioferskaat

oktober 23, 2018 07:00 Fernijd

Snein 28 oktober 2018 wurdt yn Burchwert in bysûndere manifestaasje holden: de mars Stoarmrin. Mei dy mars wolle de organisatoaren de dielnimmers behelje yn harren noed oer it aloan tebekrinnen fan it bioferskaat.

Wylst de dielnimmers oan de Stoarmrin genietsje fan lân, doarp en hiem diele se ek harren noed, want it lân wurdt hieltyd stiller en it bioferskaat nimt ôf. De organisatoaren wolle sjen litte dat it wichtich is dat it lân libbet en yn de takomst wer fol stiet mei in grut ferskaat oan krûden en gêrs dêr’t de ynsekten harren feestjes yn fiere kinne. Under it rinnen kinne jong en âld bliid foarút sjen nei it libbene lân fan de takomst. Sy binne de stilte foar de stoarm fan it gûnzjen en it kwetterjen dat har te wachtsjen stiet.

Der is ferlet fan omtinken en romte foar fûgels, bijen, blommen mar foar boeren en bûtenlju om mei-inoar libje te kinnen yn in wrâld mei bioferskaat. Dat giet net allinne natuerleafhawwers oan, mar elkenien. De Stoarmrin rekkenet derop dat minsken dy’t it belang derfan ynsjogge, meirinne en famylje, freonen en buorlju meinimme, leafst yn fleurige klean, wa wit ferklaaid as bist of blom. Waar of gjin waar, mei de kop yn ’e wyn, bûgend troch de stoarm of mei it gesicht nei de sinne…, symbolisearjend dat se it libbene lân wichtich fine!

Yn ferbân mei de nedige fasiliteiten is it goed dat foarôf bekend is hoefolle minsken te ferwachtsjen binne. Oanmelde kin fia www.kingofthemeadows.eu/stoarmrin.

Programma
De manifestaasje op 28 oktober rint fan tolven oant fjouweren. Om 11.30 oere giet de doar fan it Doniahûs yn Burchwert iepen. Nei it wolkom en in pear koarte taljochtingen oer it wêrom en de mooglikheden begjint om 12.35 de kuiertocht dy’t sa’n 9 km lang is. Underweis binne der in pear ferrassingen, in optreden fan Syb van der Ploeg en Piter Wilkens by in drankje en in waarme kop sop.
Tusken trijen en fjouweren wurde de rinners werom ferwachte yn it Doniahûs. Dêr is gelegenheid foar in drankje en dêr wurdt in mienskiplik boadskip nei minister Schouten stjoerd: wat hawwe wy fan har nedich om it Fryske lânskip wer ta libben te bringen?

De rûte is te besjen op https://www.google.com/maps/d/embed?mid=1eBOV9NH97WpV7SDEkHR4lMcmkKTf35Cu&hl=n

Sprek dy út en lit dy sjen (dus kom ferklaaid ☺) Foarút nei it libbene lân! 
oktober 23, 2018 07:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.