Stedsfryske oersetkriich wûn troch Margo Holtrop-Kientz

oktober 8, 2018 08:03

Yn maaie fan dit jier organisearren de Ljouwerter Krante en Taalburo Popkema in Stedsfryske oersetkriich. De opdracht wie om it mearke ‘De Bremer stedsmuzikanten’ fan de bruorren Grimm oer te setten yn ien fan de sân Stedsfryske farianten.

Neffens de karkommisje wie de Ljouwerter oersetting fan Margo Holtrop-Kientz út Driebergen de bêste. Dy hat de lichte toan fan it orizjineel, mar nimt der ek wat ôfstân fan. Sa is it de oersetster slagge om der net in toar ferhaal fan te meitsjen, wat by oersetten gauris driget. “Se hat it ferhaal eins opnij ferteld. Sa nimt dizze ferzje in natueurlik plak yn yn mûnlinge ferteltradysje dêr’t mearkes yn steane”, neffens sjuerylid Anne Popkema.

De oersetting wurdt opnommen yn it boek Sprookjes fan Grimm in ut Stadsfrys, dêr’t fyftich mearkes yn de sân Stedsfryske talen yn oerset binne. It earste eksimplaar fan dat boek wurdt sneontemiddei 3 november oanbean oan Kommissaris fan de Kening Arno Brok, by gelegenheid fan de earste ‘Dach fan ut Stadsfrys’, dy’t dan fan twaen oant fiven holden wurdt yn de Frjentsjerter Martinytsjerke. Dêr wurdt de priiswinner ek huldige.

Mear ynformaasje stiet op http://taalburopopkema.nl/dach-fan-ut-stadsfrys-op-3-november/ 
en https://www.vanplan.nl/uitje/dach-fan-ut-stadsfrys-martinikerk-franeker-38347884

 

oktober 8, 2018 08:03
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*