Sorbysk parlemint op kommendewei

oktober 25, 2018 14:12

It Sorbyske taalgebiet yn Dútslân. (Boarne: Wikipedia)

De Sorben yn it easten fan Dútslân kieze in eigen parlemint. De namme dêrfan is Serbski Sejm (Sorbysk parlemint). De organisaasje moat de belangen fan de Sorben fertsjintwurdigje. Alle Sorben kinne oant en mei 3 novimber oer de post in stim útbringe.

De Sorben wenje yn de streek Lausitz yn de East-Dútske dielsteaten Brandenburch en Saksen. Hja prate de taal Sorbysk. In grut part fan East-Dútslân wie yn it ferline Sorbysktalich, mar hjoed de dei binne noch in sa’n sechtichtûzen Sorben oer.

It idee foar in eigen parlemint kaam fan de Samen, in folk dat yn it noarden fan Skandinavië wennet en ek in keazen fertsjintwurdiging hat.

In offisjele posysje hat it Serbski Sejm net en lang net alle Sorben binne wiis mei it idee. De kulturele organisaasje Domowina wie altyd in wichtige belangebehertiger fan de Sorben. Dy is net wiis mei it inisjatyf foar in parlemint.

oktober 25, 2018 14:12
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.