Sinnepont Suwâld hellet rekôroantal oersettingen

oktober 22, 2018 07:00

Stichting traktearret de frijwilligers as blyk fan wurdearring

Foto © Jan Kamminga

Sinnepont Schalkediep hat dit jier mar leafst 20.000 fytsers en kuierders oer it Prinses Margrytkanaal set. De pont fart tusken Suwâld en Garyp en wurdt al mear as tweintich jier troch in grutte groep frijwilligers yn stân holden. It bestjoer fan stichting dy’t him beheart hat alle frijwilligers, as blyk fan wurdearring, traktearre op in hearlik buffet.

Trochsneed oantal oersettingen
De pont is op himsels al in bysûnder eksimplaar. Op it stuit dat er yn ’e feart kaam, wie it de earste dy’t alhiel op sinne-enerzjy oandreaun waard. Hy is foaral bedoeld foar fytsers om oerset te wurden. En dy meitsje dêr in soad gebrûk fan. It trochsneed tal fytsers of kuierders dat der jierliks gebrûk fan makket leit tusken de 12.000 en 16.000.

Frijwilligers betanke
De fearferbining en de kiosk wurde yn stân holden troch in groep fan sa’n fyftich frijwilligers. Benammen út Suwâld en Garyp. Om harren foar dy ynset te betankjen hat de stichting harren op in hearlik stamppotbuffet traktearre.

De oerhaal is fan de gemeente. Mar sûnder de ynset fan de frijwilligers komt er net yn beweging. De gemeente is dan ek tige ynnommen mei alle frijwilligers dy’t dy prachtige foarsjenning yn stân hâlde.

Prachtige lokaasje
Dat it oerset sa populêr is komt net allinnich troch it prachtige waar fan ôfrûne simmer of trochdat it ûnderdiel is fan de pontjesrûte, in fytsrûte mei dêryn njoggen fan sokke ferbiningen. De lokaasje dêr’t de pont by Suwâld wei fart, is in prachtich plak mei in kiosk dêr’t it goed tahâlden is. Men kin der telâne foar kofje, tee en iis.

oktober 22, 2018 07:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.