Scanner slagget der net yn smokkelguod yn finzenis te sjen

oktober 12, 2018 10:08

Justysje is der net yn slagge om mei spesjale apparatuer it smokkeljen fan telefoantsjes en drugs yn finzenissen better oan te pakken. In proef mei saneamde security scanners is mislearre, lit it ministearje fan Justysje en Feiligens witte.

Foto: pixabay.com

De spesjale scanners, bekend fan Skiphol, binne ynset nei in kritysk rapport fan de Ynspeksje foar Justysje en Feiligens. Dy konkludearre ferline jier dat finzenen noch te faak mobyltsjes en drugs yn harren sel ha.

Fûllearje
Yn 2016 die al bliken dat in protte telefoantsjes en ferdôvjende middels de finzenissen yn kamen. It gie net allinnich om softdrugs, mar ek harddrugs lykas heroïne en kokaïne. It ûntbrekt it finzenispersoniel oan tiid om alle sellen yngreven te ynspektearjen en mei deteksjepoarten, bagaazjetrochljochting en fûillearjen wurdt it smokkelguod ek net allegear fûn. Tongersdei stiene der bylden yn De Telegraaf fan finzenen yn in groepssel dy’t dûnsjend drugs en drank brûke.

Justysje hope mei de nije security scanners de drugs en mobile telefoantsjes better ûnderskeppe te kinnen. De scanners detektearren it ferbeane guod lykwols net, seit in wurdfierder fan Justysje. It guod is te lyts, docht bliken. Guon telefoantjes binne sels net grutter as in pear sintimeter. De pilot rûn in jier yn de finzenis fan Vught.

Der is ek in telefoanhûn oplaat: Amy. Dy slagget it wol om it smokkele guod te trasearjen. Hy moat wol dield wurde mei alle finzenissen yn Nederlân. Meikoarten komt der in twadde hûn by. It finzeniswêzen hat ek noch alve drugshûnen.

oktober 12, 2018 10:08
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*