Santich ambassadeurs út hiele wrâld besjogge lân fan molke en wetter

oktober 17, 2018 08:29

foto: Provinsje Fryslân

Sa’n santich ambassadeurs út de hiele wrâld hawwe harren yn Fryslân byprate litten oer de ûntwikkelingen op it mêd fan suvel en wettertechnology. De diplomaten hiene harren jierlikse ambassadeursdei en wiene fanwege Kulturele Haadstêd yn Fryslân. Fan Sily oant Afganistan en fan Nij-Seelân oant Kanada wiene ambassadeurs oanwêzich.

Njonken de Water Campus en de Dairy Campus brochten se yn Ljouwert in besite oan it Provinsjehûs, keramykmuseum It Prinsessehôf en Lân fan Taal en op ’e Lemmer oan it Woudagemaal. Kommissaris fan ’e Kening drs. A.A.M. Brok neamde it de meast ynternasjonale groep ea dy’t yn de Steateseal op it Provinsjehûs west hat.

Yn Lân fan Taal koene alle ambassadeurs harren eigen taal weromfine. By Water Campus en Dairy Campus binne kontakten lein foar ferfolchôfspraken.

oktober 17, 2018 08:29
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.