Ryk en regionale oerheden tekenje konvenant foar Nedersaksyske taal

oktober 11, 2018 21:52

Deputearren Sietske Poepjes (Fryslân), Henk Staghouwer (Grinslân), Cees Bijl (Drinte), Hester Maij (Oerisel), Josan Meijers (Gelderlân), wethâlder Fimke Hijlkema (Eaststellingwerf) en boargemaster André van de Nadort (Weststellingwerf) – foto: NieuwsOverijssel.nl

It Ryk en de oerheden yn Noard-East Nederlân sille har ynsette om de Nedersaksyske taal te behâlden en it brûken dêrfan te stimulearjen. Op woansdei 10 oktober tekenen Maarten Schurink, sekretaris-generaal by it ministearje fan Ynlânske Saken út namme fan minister Ollongren, en de regionale bestjoerders yn Swolle dêrfoar it konvenant foar de erkenning fan de Nedersaksyske taal. Dêr prate se ek mei ôf dat se it Nedersaksysk erkenne as in wêzentlik, folweardich en selsstannich ûnderdiel fan de taal yn Nederlân.

De regionale bestjoerders binne de deputearren Sietske Poepjes (Fryslân), Henk Staghouwer (Grinslân), Cees Bijl (Drinte), Hester Maij (Oerisel), Josan Meijers (Gelderlân), wethâlder Fimke Hijlkema (Eaststellingwerf) en boargemaster André fan de Nadort (Weststellingwerf).

Streektaal
Yn it konvenant is ûnder oare fêstlein dat de oerheden de ynset foar de streektaal mear opinoar ôfstimme om sa fan inoars goede foarbylden te learen. De oerheden sille ek sjen hoe’t hja mei-inoar oplûke kinne yn de rjochting fan de Nedersaksysk sprekkende regio’s yn Noard-West Dútslân en de EU. Fierder wurdt alle jierren in gearkomste organisearre oer in aktueel tema, keppele oan ien fan de streektaalfestivals yn de regio’s.

Maarten Schurink: “Eigen taal heeft waarde voor mensen. Zo bindt het Nedersaksisch mensen van Zwolle tot Doetinchem, van Wolvega tot Almelo. Het gaat om meer dan een miljoen mensen. Vandaag zeggen wij tegen hen: we vinden het behoud van jullie streektaal belangrijk.

Sietske Poepjes: “Meertaelighied is een smaekmaeker, et maekt oonze saemenleving levendiger en rieker. Niet alles is een ienhiedswost. Disse verscheidenhied erveer ie in Frieslaand in et Fries en et Nederlaans, mar bi’jglieks ok in et Stellingwarfs en et Bildts.”

Njonken de mienskiplike ynspanning foar it Nedersaksysk yn it ramt fan it konvenant stimulearje de regionale oerheden ek fia har eigen kultuerbelied it gebrûk fan it Nedersaksysk.

Yn de provinsje Fryslân wurde njonken Nederlânsk en Frysk ek oare streektalen brûkt. Yn de Stellingwerven wurdt it Stellingwerfsk stimulearre troch ûnder oare aktiviteiten fan de Stellingwarver Schrieversronte. Der wurde boeken yn it Stellingwerfsk publisearre, kursussen jûn en der is lesmateriaal ûntwikkele.

Nedersaksysk
It Nedersaksysk wurdt yn Grinslân, Drinte, Oerisel, Noard-East Veluwe, de Achterhoek en yn de gemeenten East- en Weststellingwerf (provinsje Fryslân) praat. It slút yn taalkundige sin oan by it Nedersaksysk/Nederdútsk yn Noard-Dútslân.

oktober 11, 2018 21:52
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.