Ryk en provinsje prate stipemaatregels ôf foar it Nedersaksysk

oktober 8, 2018 20:48

It Nedersaksyske taalgebiet (boarne: Wikipedia)

It Ryk makket woansdei mei ferskate provinsjebestjoeren in ôfspraak foar it stypjen fan it Nedersaksysk. Dat is in sammelnamme foar de dialekten fan East-Nederlân en Noard-Dútslân. It Nedersaksysk kriget al in formele beskerming troch de erkenning as streektaal ûnder it Europeesk Hânfêst foar minderheidstalen, mar dêr wurde no foar it earst konkrete maatregels oan ferbûn.

Minister fan ynlânske saken Kajsa Ollongre en fertsjintwurdigers fan de provinsjes Fryslân, Drinte, Grinslân, Oerisel en Gelderlân ûnderskriuwe woansdei in saneamd konvenant. Dat is in ôfspraak op papier om it Nedersaksysk te stypjen. Part fan de ôfspraken is dat skoallen dy’t mear omtinken oan de streektaal jaan wolle, dêr middels foar krije.

De stipe foar it Nedersaksysk is net te ferlykjen mei dy foar it Frysk. Sa wurdt it Nedersaksysk gjin ferplichte skoalfak, kin it net yn ‘e rjochtbank brûkt wurde en mei it net brûkt wurde om offisjeel de eed of it ûnthjit ôf te lizzen by it oanfurdigjen fan it amt.

Omrop Fryslân hat it berjocht net hielendal goed begrepen. Dêr skriuwe se dat it Nedersaksysk in part fan ‘e Nederlânske taal wurdt. Dat is fansels net wier. Talen dy’t opnaam binne yn it Hânfêst, binne krekt per definysje gjin ûnderdiel fan de lânstaal.

It nijs by Omrop Fryslân

oktober 8, 2018 20:48
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*