RTL wol petear oer Swarte Pyt ôftwinge

oktober 13, 2018 16:00

Foto: pixabay.com

Jenny Douwes wegere freedtejûn op ‘e telefyzje om yn debat te gean mei de aksjegroep Kick Out Zwarte Piet. Hja siet oan tafel yn de talkshow RTL Late Night, en aksjefierder Jerry Afriyie wie ek útnûge. Hy siet yn it publyk, mar presintator Twan Huys woe him graach ek oan tafel hawwe.

Douwes hie foarôfgeand oan de útstjoering sein dat se net mei Afriyie yn debat woe. Neffens har hie RTL tasein dat dat ek net soe. “Jij hebt je niet aan je woord gehouden,” rôp se tsjin Huys. “Als ik dit had geweten, dan had ik een andere keuze gemaakt.” Op de fraach fan Huys oft de beide partijen wolris mei inoar praat ha, hie Douwes in koart antwurd. “Nee.”

In grins lûke

“Ik vind dat je op een gegeven moment een streep moet trekken,” sei Douwes yn it programma. “Er wordt steeds gedaan alsof je redelijk moet praten met deze mensen, die in het rapport van de Nationaal Coördinator Terrorismebestrijding genoemd worden.”

Huys seit dat yn syn programma elkenien de romte krije moat. “Ik vind dat we allemaal een gesprek moeten kunnen voeren over dit onderwerp.” “Dan had je me dat duidelijk moeten maken,” seit Douwes.

Rapporten fan de NCTV

De aksjegroep Kick Out Zwarte Piet stiet yn rapport 46 (side 8) fan de Nationaal Coördinator Terrorismebestrijding en Veiligheid. Dat rapport is ferline jier novimber útkaam. Hjiryn wurdt KOZP neamd as ‘aksjegroep’. Yn it dêropfolgjende rapport is de aksjegroep tsjin swarte pyt net mear werom te finen. De ‘blokkearfriezen’ steane der sels dan lykwols wol yn op side 9.

Taakstraffen net hiel nuver

Justysje easke freed in taakstraf fan 240 oeren tsjin Douwes, en in selstraf ûnder betingst fan trije moannen, omdat se ferantwurdlik wêze soe foar de blokkade fan de A7 dy’t as doel hie in demonstraasje fan tsjinstanners fan Swarte Pyt te fersteuren.

De eask fynt Douwes net hiel raar, sa sei se yn it programma. “Als ik zie wat we hebben meegemaakt, en hoe het OM er met gestrekt been in is gegaan, dan lag dit wel in de lijn der verwachtingen. Maar normaalgesproken zou je niet zulke hoge eisen verwachten.”

Marga Waanders

Op itselde stuit siet boargemaster Marga Waanders fan Dongeradiel yn de talkshow Pauw op NPO1. Dêr ûntkende se dat se de demonstranten bewust útnûge hie om nei Dokkum te kommen. Se sei wol dat se kontakt hân hat mei aksjefierders, mar dat hie as doel om demonstraasjes yn goede banen te lieden.

Boarne: Omrop Fryslân

oktober 13, 2018 16:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.