Royal Opera House presintearret Richard Wagners ‘Die Walküre’

oktober 16, 2018 08:19

In opera yn trije bedriuwen, streekrjocht yn sechstichNederlânske bioskopen op snein 28 oktober om 17.55 oere

Mei alve ballet- en operafoarstellings, dy’t streekrjocht yn mear as tûzen teaters yn fjirtich lannen wrâldwiid fertoand wurde, bringt it Londenske Royal Opera House yn seizoen 2018/2019 ek wer in breed skala oan foarstellings dy’t allegear live út it wrâldferneamde Covent Garden útstjoerd wurde. Op 28 oktober is Die Walküre oan bar, Richard Wagners twadde opera út it mytykske epos Der Ring der Nibelungen. Under lieding fan dirigint en muzikaal direkteur fan Royal Opera House, Antonio Pappano, bringt in ynternasjonale groep fan Wagnerspesjalisten dat bjusterbaarlike ferhaal ta libben.

‘Die Walküre’ fan ROH (foto: Clive Barda)

Die Walküre
Wagners Der Ring des Nibelungen-syklus is ien fan de grutste operawurken ea. De folsleine syklus fan fjouwer opera’s fertelt it bjusterbaarlike ferhaal oer de opkomst en ûndergong fan in wrâld dy’t stoffearre is mei goaden, helden en mûnsters. Yn dit mytyske epos wurde alle minsklike emoasjes dy’t dêrút fuortkomme bûtengewoan ynkringend fertaald yn muzyk. Die Walküre is de twadde opera fan de syklus en befettet in tal muzikale hichtepunten út Der Ring des Nibelungen, lykas de sprankeljende tsjoenfjoermuzyk en de opswypkjende Walkürerit. Mar sintraal yn dizze opera fol muzikaal fjoerwurk en Noarske mytology, stean de komplekse relaasjes tusken de ûnferjitlike personaazjes, ûnder wa de twaling Siegmund und Sieglinde, en Wotan en syn Walküre-dochter Brünnhilde.

Tiim Die Walküre
Rezjy: Keith Warner. Muzikale lieding: Antonio Pappano
Sjongers: Siegmund: Stuart Skelton, Sieglide: Emily Magee, Wotan: John Lundgren, Brünnhilde: Nina Stemme , Fricka: Sara Connolly

Oer Royal Opera House
The Royal Opera House fiert dit jier in jubileum fan tsien jier live bioskoopfoarstellings, dêr’t it de wrâldwide merklieder mei is op it mêd fan opera- en balletfoarstellings yn ’e bioskoop. It seizoen 2017/2018 wie it súksesfolste jier ea foar The Royal Opera House mei wrâldwiid mear as ien miljoen ferkochte kaartsjes. It publyk hat ûnderwilens ek tagong ta ferskate livestreamen fia it Royal Opera House YouTube-kanaal, dat it grutste YouTube-kanaal is fan hokker keunstorganisaasje dan ek yn ’e wrâld.

Sjoch foar mear ynformaasje op: www.royaloperahouse.nl.

Royal Opera House – seizoen 2018/2019
The Royal Opera
Wagner: Die Walküre
Streekrjocht: snein 28 oktober 2018 (17:55 oere)

The Royal Ballet
Petipa: La Bayadère
Streekrjocht: tiisdei 13 novimber 2018 (20:10 oere)

The Royal Ballet
Wright: The Nutcracker
Streekrjocht: moandei 3 desimber 2018 (20:10 oere)

The Royal Opera
Tchaikovsky: The Queen of Spades
Streekrjocht: tiisdei 22 jannewaris 2019 (19:40 oere)

The Royal Opera
Verdi: La Traviata
Streekrjocht: woansdei 30 jannewaris 2019 (19:40 oere)

The Royal Ballet
Acosta/Petipa: Don Quixote
Streekrjocht: tiisdei 19 febrewaris 2019 (20:10 oere)

The Royal Opera
Verdi: La Forza del Destino
Streekrjocht: tiisdei 2 april 2019 (19:10 oere)

The Royal Opera
Gounod: Faust
Streekrjocht: tiisdei 30 april 2019 (19:40 oere)

The Royal Ballet
Trijelûk: Royal Ballet Triple Bill: Flight Pattern, Within the Golden Hour, New Work
Streekrjocht: tongersdei 16 maaie 2019 (20:10 oere)

The Royal Ballet
MacMillan: Romeo and Juliet
Streekrjocht: tiisdei 11 juny 2019 (20:10 oere)

oktober 16, 2018 08:19
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.