Royal Opera House bringt ballet en opera live yn ’e bioskoop

oktober 6, 2018 08:04

Seizoen 2018/2019 set moandei 15 oktober útein mei Mayerling fan The Royal Ballet

Mei alve ballet- en operafoarstellings dy’t live yn mear as tûzen teaters yn fjirtich lannen wrâldwiid te sjen binne, bringt Royal Opera House ek yn seizoen 2018/2019 in breed skala foarstellings dy’t streekrjocht útstjoerd wurde út it wrâldferneamde Covent Garden wei.

Steven McRae as prins Rudolf © ROH, 2017, foto troch Alice Pennefather

It seizoen 2018/2019 bringt ûnder oare de klassiker fan The Royal Ballet The Nutcracker en wrâldferneamde operastjerren, lykas Michael Fabiano, Jonas Kaufmann, Anna Netrebko en de Nederlânske Eva-Maria Westbroek]. Royal Opera House biedt it publyk net allinnich streekrjochte bioskoopfoarstellings, mar ek eksklusyf ynsjoch efter de skermen, fraachpetearen en detaillearre close-ups fan de artysten. Yn Nederlân binne de ballet- en operafoarstellings fan Royal Opera House te sjen yn sechtich bioskopen, ûnder oare ek yn de Bios yn Drachten en op It Hearrenfean.

Nij seizoen set útein mei Mayerling
It nije seizoen fan Royal Opera House set op moandei 15 oktober útein mei it tsjustere en ynkringjende Mayerling. Dy yntinse en emosjonele produksje fan The Royal Ballet toant alle glamour fan it Eastenryksk-Hongaarske hof en driuwt de dûnsers ta it uterste fan harren technyske en emosjonele kinnen. Goreograaf Kenneth MacMillan bringt it 19-iuwske Europa ta libben mei dizze produksje. Basearre op it wiere ferhaal fan kroanprins Rudolf, ûntbleatet it ballet in lân dat op ynstoarten stiet, in driigjende oarloch yn Europa en de tragysk einigjende leafdesskiednis tusken Rudolf en syn minneresse barones Mary Vetsera. It publyk belibbet in bysûndere ûnderfining tanksij de dramatyske, pakkende dy’t in protte konvinsjes en grinzen fan it klassike ballet ferlizze.

Nei Mayerling komt Wagners Die Walküre fia Royal Opera House streekrjocht yn ’e bioskoop op snein 28 oktober.

Oer Royal Opera House
The Royal Opera House fiert dit jier in jubileum fan tsien jier live bioskoopfoarstellings, wêrmei’t it de wrâldwide merklieder is op it mêd fan opera- en balletfoarstellings yn ’e bioskoop. It seizoen 2017/2018 wie it súksesfolste jier ea foar The Royal Opera House mei wrâldwiid mear as ien miljoen ferkochte kaartsjes. It publyk hat ûnderwilens ek tagong ta ferskate livestreamen fia it Royal Opera House YouTube-kanaal, dat it grutste YouTube-kanaal is fan hokker keunstorganisaasje dan ek yn ’e wrâld.

Sjoch foar mear ynformaasje op: www.royaloperahouse.nl.

Royal Opera House – seizoen 2018/2019
The Royal Ballet
MacMillan: Mayerling
Streekrjocht: moandei 15 oktober 2018 (20:10 oere)

The Royal Opera
Wagner: Die Walküre
Streekrjocht: snein 28 oktober 2018 (17:55 oere)

The Royal Ballet
Petipa: La Bayadère
Streekrjocht: tiisdei 13 novimber 2018 (20:10 oere)

The Royal Ballet
Wright: The Nutcracker
Streekrjocht: moandei 3 desimber 2018 (20:10 oere)

The Royal Opera
Tchaikovsky: The Queen of Spades
Streekrjocht: tiisdei 22 jannewaris 2019 (19:40 oere)

The Royal Opera
Verdi: La Traviata
Streekrjocht: woansdei 30 jannewaris 2019 (19:40 oere)

The Royal Ballet
Acosta/Petipa: Don Quixote
Streekrjocht: tiisdei 19 febrewaris 2019 (20:10 oere)

The Royal Opera
Verdi: La Forza del Destino
Streekrjocht: tiisdei 2 april 2019 (19:10 oere)

The Royal Opera
Gounod: Faust
Streekrjocht: tiisdei 30 april 2019 (19:40 oere)

The Royal Ballet
Trijelûk: Royal Ballet Triple Bill: Flight Pattern, Within the Golden Hour, New Work
Streekrjocht: tongersdei 16 maaie 2019 (20:10 oere)

The Royal Ballet
MacMillan: Romeo and Juliet
Streekrjocht: tiisdei 11 juny 2019 (20:10 oere)

oktober 6, 2018 08:04
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.