Rampgebiet Sulawesi blykt grutter as tocht waard

oktober 1, 2018 08:29

Wylst de helporganisaasje stadichoan op gong komt, blykt it gebiet op Sulawesi dat troch ierdskodding en in tsunamy troffen is grutter as earst tocht waard. Der wurde hieltyd nije gebieten ûntdutsen dy’t ek ferinnewearre binne.

Foto: morguefile.com

It deadetal is neffens Yndonezyske media oprûn ta 1200. It offisjele tal is noch hieltyd 832, mar de oerheid is bang dat der tûzenen minsken omkaam binne. Yn it hiele gebiet wenje sa’n 1,2 miljoen minsken. Foaral Palu, in stêd mei 379.000 ynwenners, is swier troffen. Mar ek yn de wide omkriten binne doarpkes en stêden sa goed as ferwoaste. Dêr moat it sykjen nei slachtoffers ûnder it pún noch begjinne.

De helpferliening yn de troch natuergeweld troffen regio komt mar stadichoan op gong. De lokale ynfrastruktuer is ûntheistere en dat makket it dreech om oeral guod en help te krijen. Der binne frachtweinen mei iten en wetter ûnderweis, mar it duorret tige lang foar’t dy yn Palu oankomme. Op it iennige fleanfjild fan Palu kin mar ien fleantúch de kear lânje.

oktober 1, 2018 08:29
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.