Radio-argyf Omrop Fryslân no online beskikber

oktober 13, 2018 10:34

ôfbylding: fan Omrop Fryslân

De Alvestêdetocht yn 1987, de reportaazje yn eigen doarp of it petear mei omke. Fan snein 14 oktober ôf binne 2300 oeren oan âlde radio-opnamen fan Omrop Fryslân online te finen. Yn gearwurking mei Tresoar en de Fryske Akademy is de ôfrûne 3,5 jier wurke oan in digitaal radio-argyf. Foar it digitalisearjen is in twatalige spraakwerkenningsmasine ûntwikkele; de earste yn ’e wrâld. It radio-argyf is fan snein ôf te finen op www.omropfryslan.nl ûnder it kopke radio.

Om’t it radiomateriaal fan Omrop Fryslân út Frysk- en Nederlânsktalich is, wie in twatalige spraakwerkenningsmasine nedich. Yn gearwurking mei de Radboud Universiteit is dy ûntwikkele. Dêr kin sawol op Fryske as op Nederlânske wurden yn it argyf mei socht wurde, mei itselde resultaat.

Praat (noch) mar Frysk
Mei de twatalige spraakwerkenningsmasine hat Fryslân in wrâldprimeur te pakken. De masine stiet sintraal yn de Fryslân DOK ‘Praat (noch) mar Frysk’ fan snein 14 oktober (fan 17.00 oere ôf op tv). Mei help fan de masine kin no foar it earst taalkundich ûndersyk dien wurde nei hoe’t de Fryske sprektaal him yn de jierren ûntwikkele hat. De spraakwerkenning kin ek de basis foarmje foar takomstige nije ûntwikkelingen, bygelyks yn de foarm fan in Fryske Siri.

Lansearring yn Snein yn Fryslân
Op snein 14 oktober wurdt it digitale radio-argyf lansearre yn it programma Snein yn Fryslân mei Johan Terpstra (fan 13.00 – 18.00 oere op 92.2FM). Yn it argyf sitte tûzenen nijsgjirrige radiofragminten. Yn Snein yn Fryslân sille fan takom wykein ôf ferskate fragminten te hearren wêze.

oktober 13, 2018 10:34
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.