Presintaasje ‘Swallows and Floating Horses’

oktober 1, 2018 08:21

De earste blomlêzing fan de Fryske literatuer út alle tiden en streken yn it Frysk én Ingelsk

Op tongersdei 4 oktober presintearret Van der Velde Boeken yn Ljouwert de earste blomlêzing (yn it Ingelsk en Frysk) fan de Fryske literatuer. Swallows and Floating Horses befettet proaza en poëzij út alle histoaryske perioaden en alle parten fan Noard-Europa dêr’t it Frysk praat en skreaun waard.

Ofbylding: Francis Boutle Publishers / Van der Velde Boeken

De trije redakteuren Ernst Bruinsma, Alpita de Jong en André Looijenga hawwe in kleurrike samling fan fragminten byinoar brocht, dy’t it ferhaal fan de Fryske taal fertelle. It Frysk, de taal dy’t op it Europeesk fêstelân noch it meast besibbe is oan it Ingelsk, waard by de hiele kust fan de Noardsee lâns sprutsen, oant Denemarken ta. De blomlêzing lit foarbylden sjen fan it tige iere Frysk, lykas Midsiuwske wetteksten mei opmerklik poëtyske formulearrings, as ek eigentiidske poëzij en proaza..

Fiif fan de bêste literêre oersetters yn it Ingelsk, David Colmer, Susan Massotty, Paul Vincent, Michele Hutchinson en David McKay, hawwe foar dit projekt Frysk leard en hawwe de teksten, op en sûnder rym, foar it earst yn it Ingelsk oerset. De Frysk-Nederlânske oersetters Jantsje Post en Jetske Bilker stiene har mei tuskenoersettings by.

De redakteuren, de oersetters en de útjouwer sille ûnder lieding fan Reinier Salverda, âld-direkteur fan de Fryske Akademy, by de presintaasje oan it wurd komme.

Reservearje is winsklik.

17.00 oere – ynrin
17.30 oere – presintaasje
18.30 oere – burrel

info@boekhandelvandervelde.nl | www.boekhandelvandervelde.nl

oktober 1, 2018 08:21
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.