Pjutte-opfang It Hummelhonk yn Tsjom behellet sertifikaat foar twatalich wurkjen

oktober 23, 2018 10:04 Fernijd

foarlêspake – foto: it Hummelhonk

Op tongersdei 18 oktober wie it feest op pjutte-opfang ‘It Hummelhonk’ fan Stichting Kinderopvang Friesland yn Tsjom.

De lokaasje wurket sûnt it begjin fan 2016 mei in belied dat der op rjochte is om de twatalige ûntwikkeling fan jonge bern te stimulearjen. It sertifisearringstrajekt dêr is no ôfrûne en dat is fierd mei ferskate aktiviteiten. It sertifikaat ‘Boartsjendewei in taal derby’ is oerlange troch de fêste foarlêspake H. Ypma, dy’t troch de bern Pake fan Tomke neamd wurdt. Hy fertelde oer syn eigen pake- en beppesizzers, dy’t yn Brabân ek Frysktalich opfieden wurde. Se begroetsje pake en beppe yn it Frysk en lizze dêrnei harren freonen út ‘dat opa en oma er zijn’. De bern hawwe in muzykwurkwinkel folge oer it tema Feest, en der waard drok muzyk makke en dûnse. Ta beslut kaam in poppekast fan Tomke. It wie in tige slagge moarn.

It Hummelhonk en twatalichheid
Pjutte-opfang It Hummelhonk falt ûnder Stichting Kinderopvang Friesland (SKF). Dy organisaasje biedt ûnder mear pjutte- en berne-opfang yn in grut part fan Fryslân oan. Mear as fyftich lokaasjes fan SKF wurkje mei in twatalich belied en tal fan lokaasjes binne al sertifisearre.

It Hummelhonk is fêstige yn CBS Staetlansskoalle. Yn harren eigen lokaal wurdt fjouwer moarnskoften yn de wike pjutte-opfang oanbean. It twatalich belied sjocht der as folget út: pedagogysk meiwurksters Annelies en Anneke prate konsekwint Frysk mei alle bern. Der binne ek twa frijwillichsters yn Tsjom, dêr’t ien fan Frysktalich is en de oare Nederlânsktalich. Foar beide talen is omtinken by it aktiviteite-oanbod, lykas it foarlêzen en it sjongen. Troch de beide talen dúdlik faninoar te skieden, leare de bern de talen goed útinoar te hâlden en kinne se letter makliker in tredde en fjirde taal leare.

Oerlangen fan it sertifikaat – foto: it Hummelhonk

Der hat in fisitaasjekommisje by It Hummelhonk west te sjen. Der wurdt sjoen nei ûnder mear it taalbelied, de taalomjouwing en it pedagogysk taalklimaat. De kommisje skriuwt ûnder mear: 
De hoeken yn it lokaal nûgje sa ta boartsjen út dat de (meast tige jonge) bern hielendal opgongen yn harren spul. Yn de ‘museumwinkel’ wie it faak drok. In aardichheid om te sjen wie dat in famke langút op de matte yn de bouhoeke lei, mei in finger de plaatsjes op de matte folge en dêr fan alles by fantasearre. Yn de lêshoeke wie it tige gesellich.
En: 
Op It Hummelhonk ha de pjutten in feilich en tagelyk útdaagjend boartersplak. De liedsters ha in soad ûnderfining, binne tige talich en soargje foar in gesellige sfear. De fêste frijwillichsters wurkje dêr fansels ek oan mei. 

By it sertifisearringstrajekt kriget It Hummelhonk begelieding fan it SFBO, kennissintrum meartaligens jonge bern. By it SFBO binne goed 230 bernedeiferbliuwen en pjuttelokaasjes oansletten en dat oantal groeit noch hieltyd.

oktober 23, 2018 10:04 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.