Peste (ferhaal)

oktober 20, 2018 07:00 Fernijd

Peste

Ferhaal fan Sjoerd F. Talsma

Se hiene altyd al in bytsje de gek mei lytse Wytse hân. Mar dêr koe er sels neat oan dwaan. Syn iene skonk wie wat fergroeid en wat koarter en briker as de oare. De oare bern moasten Wytse altyd hawwe, as it om kweajongesstreken gie. As se immen te pakken hiene, dan wie it Wytse wol. Mei it fuotbaljen wie Wytse altyd de lêste dy’t keazen waard en by sideplakboartsjen lieten se him soms oeren op syn plakje sitte. Wytse wie altyd de pineut.

Sa gong it ek altyd yn it Paulussteechje. It steechje waard sa neamd, omdat Paulus Krotsje dêr wenne, yn in âld ferfallen húske. Hoe’t Paulus eigentlik fan efternamme hjitte, wist net ien, mar elk neamde him sa omdat er yn in krotsje wenne. It steechje wie fluorre mei lytse giele stientsjes en as Wytse en syn freonen dêr lâns draafden op harren klompkes, dan hie dat nochal wat kabaal en dêr koe Paulus net goed oer. Hy hie der mar in hekel oan en as dy jonges dêr wer ris lâns draafden, hie er wolris besocht om ien fan dy dogeneaten te pakken te krijen. Mar Paulus wie al âld en net sa fluch mear en boppedat wiene Paulus syn skonken ek net wat it wêze moast. Dat wie, nei’t se seine, it gefolch fan polio yn syn jonge jierren.

Letter hat Paulus it oars besocht, want as er de jonges oankommen hearde, dan stie er klear mei in amerfol wetter en as er tocht dat se foar syn hûs wiene, dan smiet er de amer leech troch de foardoar. Yn ’e hoop fansels dat ien fan dy rotbern wiet wurde soe en net wer troch it steechje doarst. Mar Paulus wie altyd te let, want de jonges wiene alwer foarby as er de amer leech smiet.

Mar as der al immen wiet waard, dan wie it Wytse fansels, want dy rûn altyd efteroan troch syn ûngelokkiche skonk. De oare bern hiene dan de measte wille en skuorden har de bûsen út fan it laitsjen. Mar de lêste kear dat hja dêrlâns draafden, kaam der gjin wetter en de doar bleau ticht. Dat wie wol frjemd, want Paulus reagearre altyd. Nei der noch in pear kear efterinoar lâns te draven hiene de jonges harren nocht derôf. Der kaam gjin reaksje.

Ofbylding Sjoerd F. Talsma

De jûns oan de itenstafel hearde Wytse dat heit tsjin mem sei dat Paulus stoarn wie en dat er oansteande tongersdei op it hôf begroeven wurde soe. Wytse skrok der wol fan. Hy hie it altyd begrutlik fûn om Paulus sa te pesten, mar hy woe fansels ek graach meidwaan mei dy oare jonges. Doe’t er de jûns op bêd lei, koe er der mar min los fan komme en tocht er, as ik sa âld bin, dan sille de bern my ek wol peste. Mei triennen yn ’e eagen is er yn ’e sliep fallen.

Op tongersdeitemiddei kaam Wytse fierstente let op skoalle en master wie lilk op him. Mar Wytse woe net fertelle wêrom’t er sa let wie en dêrom krige er straf fan master. Hy moast neibliuwe  en strafwurk meitsje, krekt salang dat it ôf wie. Want te let komme sûnder in goede reden, dat mocht net, sei master. Wylst syn kammeraten laitsjend de klasse útgiene, begûn Wytse oan syn strafwurk.

Jûns krekt nei it jûnsmiel gie de doarbel. Master woe efkes fan heit en mem witte wêrom’t Wytse hjoed sa let op skoalle kommen wie en fertelle dat Wytse dêr straf foar krige hie. Heit en mem hearden der nuver fan op, want Wytse hie neat sein oer wat der dy deis bard wie. No koe Wytse der net mear ûnderút en moast er it hiele ferhaal wol fertelle. Oer it pesten en wat se altyd diene yn it Paulussteechje en en … Hy koe it gûlen net mear tsjinhâlde en krige al wat meilijen fan de oaren. En tusken it snikken en de triennen troch fertelde Wytse dat er it net litte kinnen hie om op it tsjerkhôf nei Paulus syn begraffenis te sjen, omdat er him sa ferbûn fielde mei Paulus en syn beheinde skonken en dat dat him sa begrutte.

Master krige tige spyt dat er Wytse strafwurk jûn hie mar, sei er, dat dat kaam trochdat Wytse net fertelle woe wêrom’t er sa let op skoalle kommen wie. Heit en mem treasten Wytse en seine dat se it hiel goed begripe koene dat er sa’n begrutsjen mei Paulus hie. En hja seine dat se der tenei better om tinke soene dat Wytse net mear sa pleage wurde soe. “Ja”, sei master, “en ik ek. Ik sil der ek better omtinken oan jaan en ik hoopje datst my ferjaan kinste dat ik dy strafwurk jûn haw.”
“Ja wis wol, master”, sei Wytse, “want dat hie ik der wol foar oer.”

oktober 20, 2018 07:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.