Orkaan Michael feecht doarpke fan ’e kaart

oktober 13, 2018 08:33

De orkaan Michael hat it plakje Meksiko Beach yn de Amerikaanske steat Floarida foar it grutste part fan de kaart feegd. In protte gebouwen yn it doarp mei tûzen ynwenners binne folslein ferrinnewearre of swier skansearre troch de hurde wyn en oerstreaming.

Foto: pixabay.com

Michael kaam ôfrûne woansdei oan lân as ien fan de krêftichste orkanen dy’t de Feriene Steaten yn de ôfrûne fyftich jier oandien hawwe: der waarden wynfaasjes fan 250 kilometer yn ’e oere metten. Oant no ta binne yn fiif steaten yn elts gefal santjin deaden teld, mar nei alle gedachten sil dat noch oprinne. De swierst troffen gebieten binne noch net berikt troch helpferlieners.

Tsientallen minsken wiene yn Meksiko Beach efterbleaun, nettsjinsteande in ferplichte evakuaasje. It is noch net dúdlik hoefolle fan harren de stoarm oerlibbe hawwe. Dat der hûnderten kearen skille is oer persoanen dy’t mist wurde, wol noch net sizze dat se yndied omkommen binne. Trochdat de telefoanlinen útfallen binne sille in protte noch net de kâns hân ha om kontakt op te nimmen.
Ien miljoen húshâldingen en bedriuwen yn it rampgebiet sitte sûnder stroom. It kin wiken duorje foar’t de elektrisiteit oeral wer yn oarder is.

Driuwend hûs
Yn Meksiko Beach sykje helpferlieners om slachtoffers troch by de doarren lâns te gean. Dêrfoar moat mei grut ark en reau earst in paad troch it pún makke wurde. “Ik seach fan alles by it rút lâns fleanen en tocht dat de beammen foarbykamen, mar doe realisearre ik my dat it ús hûs wie”, beskriuwt in ynwenner fan Meksiko Beach de ramp. “Us hûs wie fan syn fûnemint brutsen en dreau yn it wetter, mei ús der noch yn.”

oktober 13, 2018 08:33
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*