Online Frysk leare foar Dútsktaligen

oktober 12, 2018 20:32

Dútsktaligen koenen sûnt ferline jier al Frysk leare út it Lehrbuch Frysk fan Wolter Jetten, dat útkommen is by de Afûk. No kinne se ek alfêst in begjin meitsje mei in koarte fideokursus. Dy is ûnder de namme Friesisch – Audiokurs für Anfänger fergees op YouTube te finen. Yn tsien koarte lessen leare Dútsktaligen faak brûkte Fryske sintsjes, sa’t dy bygelyks ek yn in reisgids te finen wêze soene. Omkeard kin de fideo nammers ek troch Frysktaligen brûkt wurde om Dútske sintsjes te learen.

Jetten hat de fideo opnommen mei syn soan Hindrik, dy’t twatalich grutbrocht wurdt en as memmetaalprater fan it Dútsk de Dútske teksten foar syn rekken nimt. Jetten docht sels de Fryske teksten. Dy binne net allinne te hearren, mar ek fuortendaliks te lêzen.

De fideokursus is hjirûnder te besjen. De direkte link is: https://www.youtube.com/watch?v=V1kTSIj3fdc.

oktober 12, 2018 20:32
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.