Omwenners Campus Damwâld tinke mei

oktober 12, 2018 07:58

foto: gemeente Dantumadiel

Bougroep Dijkstra Draisma bout yn opdracht fan Stichting Campus Damwâld en gemeente Dantumadiel de Campus Damwâld. De groep fersoarget ek it ûntwerp foar de werynrjochting fan de Badhúswei yn Damwâld. Brûkers en omwenners wurde maksimaal by it ûntwerp belutsen. Woansdeitejûn 10 oktober wie in ynrinjûn spesifyk foar omwenners.

Belutsen foar én by de bou
Wichtich part fan de opdracht is it meitsjen fan in ûntwerp fan it gebiet om de kampus hinne. De gemeente wol dat de kampus goed oanslút op de omjouwing. Om dat foarinoar te krijen belûkt Bougroep Dijkstra Draisma foar en ûnder it bouwen minsken út de buert by it proses, ûnder mear troch ynrinjûnen. De earste ynrinjûn wie foar buertbewenners. Wethâlder Gerben Wiersma: “We hawwe foar in nije oanbestegingsfoarm keazen, sadat brûkers en omwenners maksimaal by it ûntwerp belutsen wurde kinne. De bedoeling is dat de kampus mei de omjouwing in brûzjend en ynspirearjend plak wurdt foar elkenien.” Der kamen 35 buertbewenners op de jûn ôf, dêr’t se befrege waarden nei ideeën en ynbring.

Oer Campus Damwâld
It ûnderwiis fan ROOBOL en PCBO komt mei de sporthal ûnder ien dak yn Campus Damwâld. De sporthal biedt ek fasiliteiten foar regionale sportferieningen. It gebou wurdt ferbûn mei de omjouwing, wêrûnder it parkje, appartemintekompleks Nij Tjaerda en bernesintrum De Blokkedoaze. De bou begjint heal 2019 en wurdt nei alle gedachten juny 2020 oplevere.

Sûn, skjin, tûk en grien
Duorsumens falt ûnder de kearnwearden fan it plan. Sûn, skjin, tûk en grien wurdt it neamd. It is dan ek logysk dat it gebou gjin gasoansluting kriget, mar folslein elektrysk fan enerzjy fersjoen wurdt. Waarmte wurdt wûn troch lucht-wetter-waarmtepompen. Sinnepanielen leverje de nedige enerzjy op. Troch al dy maatregels en goede isolaasje sit it gebou enerzjyneutraal wurde.

oktober 12, 2018 07:58
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.