Oktopus filme foar kust fan Kallânseach

oktober 16, 2018 08:30

Foar de kust fan Kallânseach binne foar it earst yn Nederlânske wetters bylden makke fan in seldsume lyts achtearm-oktopus.

Foto: pixabay.com

Dûker Mark Barto wie ôfrûne wykein oan it dûken by it skipswrak Emden 3, acht kilometer út de Noard-Hollânske kust, doe’t er it bist seach. “Doe’t ik even fan it skip weiswom, seach ik op ’e boaiem de oktopus sitten”, fertelt er oan NH Nieuws.

Barto wist fuortdaliks dat it in bysûnder seebist wie. “Ik ha wolris in oktopus sjoen yn tropyske gebieten, mar dy sjitte altyd fuortdaliks fuort as men tichtby komt. Yn de Nederlânske wetters haw ik noch nea sa’n bist sjoen.” De oktopus siet op de sânboaiem, op goed tweintich meter djipte.

De lytse achtearm kin likernôch fyftich sintimeter lang wurde en in gewicht fan ien kilo berikke. It bist komt foar by de kusten fan de noardeastlike Atlantyske Oseaan del en yn de Middellânske See.

Besjoch it filmke fan de oktopus op YouTube.

oktober 16, 2018 08:30
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.