Ofskiedsbrief jonge fersetsstrider docht mei oan ferkiezing ‘Stik fan it Jier’

oktober 2, 2018 08:13

Mei de neilittenskip fan de jonge fersetsstrider Folkert Bergsma docht Tresoar yn gearwurking mei it Frysk Fersetsmuseum mei oan de ferkiezing ‘Stuk van het Jaar 2018’.

Folkert Bergsma (foto: © kolleksje Frysk Fersetsmuseum Ljouwert)

Lêste wurden
“Weest sterk. De genade des Heren Jezus Christus en de liefde Gods en de gemeenschap des Heiligen Geestes zij met jullie allen. Jullie moeten maar veel Gezang 17 zingen. Ik zal deze waarheid gauw ondervinden. Dáág, Folkert.” Dat binne de lêste wurden fan de tweintichjierrige Folkert Bergsma oan syn famylje, skreaun op 14 febrewaris 1944. Twa dagen letter wurdt er fusillearre troch de Dútske besetter by Skiphol, fanwege syn rol yn in fersetsgroep yn Seisbierrum. Nei de befrijing identifisearret syn heit him oan ’e hân fan stikjes fan syn klean en in toefe hier. In kâld weromtinken oan in jonge studint en fersetsstrider dy’t it heechste offer brocht foar wêr’t er yn leaude.

Folkert fertelt syn ferhaal
Yn de moanne oktober fertelt Folkert syn ferhaal fia social media en de webside fan Tresoar. Fia syn eigen Facebookside en de webside fan Tresoar fertelt er oer wa’t er wie en hoe’t er by it ferset behelle rekke. Sa komme de lêste dagen fan Folkert ta libben.

Brief, hierlok en kleanresten útstald
De ôfskiedsbrief, hierlok en kleanresten fan Folkert binne de folsleine moanne oktober yn de iepeningtiden te sjen yn de stúdzjeseal fan Tresoar. Tagong is fergees.

Stik fan it Jier
45 argyfynstellingen dogge dit jier mei oan de lanlike ferkiezing ‘Stik van het Jier’, yn it ramt fan de Moanne fan de Skiednis. It tema foar dit jier is ‘opstân’. Yn 2014 wûn Tresoar de titel mei de leafdesbrief fan soldaat Romke Eelkes Zandstra.

De famylje fan Folkert stipet de kampanje en hopet dat syn ferhaal net fergetten wurdt. Wolle jo helpe om dat mooglik te meitsjen? Stim dan op: www.stukvanhetjaar.nl/tresoar.

oktober 2, 2018 08:13
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.