Offisjele stavering foar it Stedsfrysk?

oktober 28, 2018 23:27

Moat it Stedsfrysk fan ûnder oaren Ljouwert, Snits en Starum in offisjele stavering krije? Taalburo Popkema tinkt fan al en wol dêr mei de provinsje oer prate. Anne Popkema fan it Taalburo hat koartlyn meiwurke oan in boek mei mearkes fan Grimm yn ûnderskate Stedsfryske dialekten yn ferskate skriuwwizen. Skriuwer en sjoernalist Abe de Vries is it net mei Popkema iens. Dat skriuwt er yn it Frysk Deiblêd fan freed.

“De redding ligt juist in de anarchie van de straat”, skriuwt De Vries. Neffens him hat nimmen ferlet fan in offisjele regeling fan de skriuwwize. De provinsje kin it Stedsfrysk better stypje troch wat foar de sprektaal of de muzyk te dwaan, is syn betinken. Boppedat moat neffens him it Stedsfrysk net stipe wurde mei jild dat foar it Frysk ornearre is.

Klik hjir om De Vries syn artikel te lêzen.

oktober 28, 2018 23:27
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.