Oersetter Klaas Bruinsma is wei

oktober 30, 2018 22:31

Klaas Bruinsma, klassikus, oersetter en dichter is wei. Bruinsma sette moandei yn syn wenplak Drachten de klompen op it boerd.

Bruinsma waard yn 1931 yn Easterein berne. Al syn wurksum libbe wurke er as learaar Ingelsk en skiednis. De klassiken hiene syn grute belangstelling. Dat en syn leafde foar de oersetterij makken dat er gâns klassike wurken yn it Frysk oerset hat, mei de Ilias en Odyssee as syn wichtichste bydrage.

Bruinsma hat gâns prizen foar syn oersetwurk krige. Yn 1993 krige er de Obe Postmapriis foar syn Fryske oersetting fan de trageedzjes fan Sofokles. Yn 2005 waarden syn oersettings fan Homerus syn Ilias en Odyssee bekroane mei deselde priis. Yn 2007 krige er de Sulveren Anjer.

Bruinsma hat oan syn dea ta warber west. In pear wike lyn ferskynde by Elikser noch in bondel mei samle fersen en oersettings fan Bruinsma.

 

oktober 30, 2018 22:31
Skriuw in reaksje

3 opmerkingen

  1. Cornelis van der Wal oktober 30, 22:53

    Bruinsma wie gjin klassikus.

  2. Johannes oktober 31, 11:07

    Klaas wie in Klassikus.
    `Klaas Bruinsma waard yn 1931 berne yn Easterein. Hy siet op it Grifformearde Gymnasium yn Ljouwert. letter it Beyers Naudé. Hy waard learaar Ingelsk en Gryksk oan it Ichthus Kolleezje yn Drachten, no it Liudger`, skriuwt Omrop Fryslân.
    Klassikus is ien dy´t `beoefener fan ‘e klassike talen` is, stiet yn ´t Frysk Hânwurdboek. Neffens my is Gryksk in klassike taal.

  3. Cornelis van der Wal oktober 31, 11:50

    No, ik brûk leaver de folgjende definysje: ‘Een classicus (of classica, wanneer het een vrouw betreft) is iemand die met succes de opleiding Griekse en Latijnse Taal en Cultuur aan een universiteit heeft voltooid.’ Mar goed, Klaas hat in geweldige prestaasje levere wat syn oersettingen oanbelanget. Wy sille him misse.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.