Oanfallen op Sorben

oktober 11, 2018 15:08

Yn it easten fan Dútslân wenje fanâlds gjin Dútsers, mar Sorben. Dat is in folk mei in eigen taal, it Sorbysk, dat nau besibbe is oan it Tsjechysk en Poalsk. Hjoed de dei wurdt it Sorbysk allinne mar praat yn de streek Lausitz, dêr’t de Sorben in taalminderheid foarmje.

Rjochts-ekstremistyske jongelju hawwe fan ‘t wykein in groep jonge Sorben oanfallen. Hja foelen harren mei oan en sloegen harren mei flessen. Dat barde op in dûnsfeest yn Schönau. De oanfallers droegen nazytekens op ‘e klean. Twa Sorbysje jongkearels rekken ferwûne. De plysje hat fjouwer minsken fêstnommen.

De Sorbyske jonges praten ûnderinoar Sorbysk. De rjochts-ekstremisten steurden harren dêroan en droegen de jonges op om Dútsk te praten. Doe’t dy dat net diene, foelen de neonazys harren oan.

Yn 2014 wiene der yn East-Dútslân ek al anty-Sorbyske oanfallen troch rjochtsekstremisten. Doe foelen by ferskate gelegenheden groepen minsken mei maskers op minsken oan dy’t Sorbysk praten. De plysje hat de dieders net fine kinnen.

oktober 11, 2018 15:08
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.