NS-kondukteurs roppe ek yn it Nedersaksysk om

oktober 11, 2018 16:39

Foto: Wiki Commons/Combino

“Beste leu en wichter, goeiendag!” klonk it fan ‘e wike op it stasjon fan Swol. De NS hat syn East-Nederlânske kondukteurs oanfitere om fan tiid ta tiid wat Nedersaksysk hearre te litten. Oanlieding is it ûnderskriuwen fan in konventant tusken Ryk en provinsjes oer mear stipe foar it Nedersaksysk, ôfrûne woansdei.

NS-wurdfierder Erik Kroeze seit dat it ferfiersbedriuw neigean wol oft omroppen yn it Nedersaksysk “bijdraagt aan het gevoel van gastvrijheid en veiligheid”. Dêrom binne kondukteurs dy’t ien fan ‘e Nedersaksyske dialekten prate frege om dat dialekt ek ris hearre te litten. Kroeze: “In de trein naar Schiphol roepen we in het Nederlands en Engels om, dus waarom in de trein naar Twente niet in het Twents?”

It bleau net by in wurd fan wolkom. Kondukteur Erik Haakmeester rôp de folsleine tsjinstregeling twatalich Nederlânsk-Twintsk om en sleat ôf mei ‘Doot heanig an!’

Yn it ferline wie de NS gjin foarstanner fan it brûken fan oare talen. It hat jierren duorre foardat de stasjons yn Fryslân de offisjele Fryske namme krigen fan it plak dêr’t se yn leine.

oktober 11, 2018 16:39
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Eilander oktober 12, 16:28

    Ferwûnderje dat ien persoan, minister of net, sa mar kin beslute wat yn ‘e grûnwet komt. Dat is wat dat yn ‘e 2e keamer beslute moat wurde.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.