Noard-Fryske oersetting ‘Mearkes fan Grimm’ útkommen

oktober 12, 2018 08:07

De rige oersettingen fan Grimm yn lytse talen is de grens oerstutsen. Sneon 6 oktober waard op it Noard-Dútske waadeilân Föhr in Noard-Fryske oersetting fan fyftich mearkes presentearre: Teelen faan Grimm. Dat barde yn it gebou fan de Ferring Stiftung, in filantropyske ynstelling dy’t in wichtige rol spilet by it ûnderhâlden en befoarderjen fan de taal en kultuer fan it eilân Föhr. De Ferring Stiftung makke de Noard-Fryske Grimmoersetting ek mooglik. 

De oersetter, Jarich Hoekstra (1956), komt út Fryslân en is sûnt 1999 heechlearaar Noard-Frysk oan de universiteit yn Kiel. It Noard-Frysk is in samling fan Fryske dialekten dy’t al sûnt de achtste iuw op de eilannen en sûnt de alfde iuw op de fêstewâl oan de waadkust fan Sleeswijk-Holstein praat wurde, tsjintwurdich troch sa’n achttûzen minsken.

De rige oersettingen fan Grimm yn lytse talen begûn yn 2012 mei in Fryske ferzje: Mearkes fan Grimm. Sûnt dy tiid binne al in Biltske, in Stellingwerfske, in Grinslânske en no dus ek in Noard-Fryske oersetting útkommen. Op 3 novimber ferskynt Sprookjes fan Grimm in ut Stadsfrys, en yn 2019 ferskynt in ferzje yn de talen fan de Fryske waadeilannen.

oktober 12, 2018 08:07
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*