Noarske plysje: oanslach op útjouwer hie mei Salman Rushdie te krijen
Resint ferskynd

Salman Rushdie (foto: Wikipedia / David Shankbone, Creative Commons)
De oanslach op de Noarske útjouwer William Nygaard yn 1993 hie dermei te krijen dat er Salman Rushdie syn boek De duvelsfersen útjûn hie. Dat seit in wurdfierder fan de Noarske plysje. Nygaard oerlibbe de trije skotwûnen fan de oanslach, mar de dieders waarden nea pakt. Yn de jierren njoggentich ûntstried it Noarske iepenbier ministearje dat de oanslach wat mei de islam te krijen hawwe soe.
It boek fan de Yndiaask-Britske Rushdie makke de lilkens fan in protte moslims los. De Iraanske geastlik lieder Gomeiny feardige in religieus deafûnis út. Rushdie moast tweintich jier lang ûnderdûke. Ferskate útjouwers en oersetters fan syn boek waarden it slachtoffer fan in oanslach. Nygaard wie as Rushdie syn Noarske útjouwer ien fan harren.
Yn 2007 woe de plysje de saak slute, mar dêr ûntstie yn Noarwegen in soad opskuor oer. Formeel waard it ûndersyk doe wer iepene, mar der waarden nea minsken ferfolge.
Ein dizze wike soe it dossier fan de oanslach definityf sletten wurde. Soks is yn Noarwegen wenst nei 25 jier. De plysje hat de saak lykwols wer oppakt en ferskate minsken as fertochte bestimpele. It iepenbier ministearje wol net sizze om hoefolle minsken oft it gean soe en wat harren nasjonaliteit wêze soe, mar ferskate Noarske media berjochtsje dat it gean soe om twa manlju: ien mei de Iraanske en ien mei de Libaneeske identiteit.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje