Noarden yn byld foar wetterstoffabryk

oktober 20, 2018 08:38

Gasunie en it Frânske enerzjykonsern Engie wolle yn it noarden in griene wetterstoffabryk bouwe. It fabryk hat in saneamde elektrolyser dy’t mei elektrisiteit wetter skiedt yn soerstof en wetterstof. De wetterstof kin brûkt wurde as brânje, dêr’t wer wetter by ûntstiet, mar ek tsjinnet om oerstallige enerzjy op te slaan.

De Eemshaven (foto: Wikipedia/Wutsje – lisinsje CC BY-SA 3.0)

It wetterstoffabryk soe mei de 100 megawatt elektrolyser de grutste fan syn soart yn Europa wurde moatte. De grutste dy’t op it stuit yn Europa stiet, hat in fermogen fan tsien megawatt. Gasunie en Engie wolle it fabryk stadichoan opskale nei in folle grutter fermogen fan faaks wol in gigawatt yn 2030. Foar it opfieren fan de produksje binne wol mear wynparken op see nedich dy’t griene stroom leverje.

Mei de gearwurking wolle de bedriuwen bydrage oan it flugger op gong bringen fan de enerzjytransysje en it tsjingean fan klimaatferoaring. It noarden fan Nederlân moat dêr dus in wichtige rol yn spylje. In logyske lokaasje foar it fabryk soe de Eemshaven wêze, mei’t dêr alle stroom dy’t nedich is fia ûnder oare wynmûnen oan lân komt.

oktober 20, 2018 08:38
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Jabik Jans oktober 20, 18:17

    Gasunie en ENGIE tinke allinnich oan harsels: hoe kinne wy as gasbedriuw bestean bliuwe. Wetterstof út griene stroom is 10 kear sa djoer as ierdgas. It moat dêrom net yn de gewoane gasliedings en ferstookt wurde, mar brûkt wurde foar bygelyks keunstdong produksje en ethyleenproduksje.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.