Nije metoade om hert- en iersykten better te bestriden

oktober 15, 2018 08:54

Undersikers fan it Hert- en Iersintrum fan it UMC Utert hawwe in ynteraktyf rekkenmodel ûntwikkele, U-Prevent neamd, dat foarseit hoefolle baat pasjinten by harren medisinen hawwe. It giet dêrby om bloeddrukferlegers, bloedfertinners en golesterolferlegers. It model kin ek it risiko berekkenje oft ien hert- en iersykten kriget, en de yndividuele libbensferwachting sûnder hertynfarkt of beroerte.

UMC Utert (foto: Wikipedia/Antoine.01 – lisinsje CC BY-SA 3.0)

U-Prevent is oeral op ’e wrâld online en fergees beskikber. De ûnderlizzende prinsipes fan U-Prevent kinne ek brûkt wurde om soartegelikense rekkenmodellen te meitsjen foar oare sykten. No kriget in pasjint mei in beskate foarm fan kanker earst gemoterapy A. As dy net wurket of te folle bywurkings hat, folget gemoterapy B. En dêrnei eventueel behanneling C. “Wylst men foarsizze kin hokker gemoterapy de bêste is troch genôch data yn in rekkenmodel te stekken”, seit ynternist en heechlearaar faskulêre genêskunde Frank Visseren. “Dat is de takomst fan de sûnenssoarch. Gjin behanneling mear dy’t basearre is op trochsneed effekten fan medisinen of oare yngrepen, mar op mjitte snien foar eltse pasjint.”

Visseren en syn tiim stribje dernei om U-Prevent binnen in healjier út te wreidzjen mei in module foar boezemfibrilearjen. Dat is in hertritmesteurnis dy’t foaral by âlderen foarkomt en dy’t faak ta in hege hertslach laat. Om in harsenynfarkt foar te kommen krije in protte pasjinten mei boezemfibrilearjen bloedfertinners. Faak binne dat saneamde doac’s, relatyf nije antystjurringsmiddels. Foar in protte pasjinten wurket dat goed, mar foar in part fan har is dat in minne kar. Om’t foar harren it risiko op in blieding net opwaacht tsjin de legere kâns op in harsenynfarkt. Dy pasjinten kinne dy middels better net brûke.

In twadde útwreiding dêr’t nei sjoen wurdt is nierskea dy’t ûntstiet by dialyzepasjinten. De Europeeske Maatskippij foar Kardiology (ESC) is dwaande mei it meitsjen fan in nije risiko-app dêr’t mei oanheakke wurdt by U-Prevent. It Utertske ûndersykstiim hat acht jier oan U-Prevent wurke. Dêr is by gearwurke mei wittenskippers fan ynternasjonale topuniversiteiten yn de Feriene Steaten, Australië en Europa. U-Prevent is ûntwikkele mei help fan data fan 700.000 pasjinten út Europa, Azië, Oseanië en Noard-Amearika.

oktober 15, 2018 08:54
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.