Rjochtsaak tsjin Friezen dy’t antyswartepytaktivisten opkearden

oktober 8, 2018 00:14

Foto: Wikipedia / Sander van der Wel (Creative Commons)

‘Blokkeer-Friezen’ neamt de Volkskrant harren. It giet om 33 minsken dy’t ferline jier it ferkear op ’e sneldyk by de Jouwer opholden hawwe om foar te kommen dat in bus mei minsken út it westen nei Dokkum ta ride soe. Dy ynsitters woene dêr by de lanlike yntocht fan Sinteklaas demonstrearje tsjin de figuer Swarte Pyt.

De ôfrûne jierren binne der gauris demonstraasjes fan minsken dy’t Sinteklaasaktiviteiten bywenje of fersteure, om’t hja net wolle dat Swarte Pyt derby is. Hja wolle dat Sinteklaas in oare helper kriget. De demonstraasjes falle net by elkenien yn goede ierde. Jenny Douwes út Drachten rôp dêrom op Facebook op om de demonstraasje yn Dokkum foar te kommen.

De 33 minsken diene dat en wurde dêr no foar ferfolge. De 34e fertochte is Jenny Douwes sels, dy’t ferfolge wurdt foar stokelderij. Moandei set de rjochtsaak tsjin harren yn Ljouwert útein. It Iepenbier Ministearje is fan betinken dat de dykblokkearders de demonstranten it rjocht om harren miening te uterjen ûntsein hawwe. Om’t de saak yn Fryslân ta gâns opskuor laat hat, wurde der in soad minsken op ’e publike tribune ferwachte. Dêrom is der yn it rjochtsgebou ekstra romte makke om elkenien te bergjen.

oktober 8, 2018 00:14
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. mbc84 oktober 8, 09:24

    Pegida hat op ferskeidene plakken protestearje wollen, mar waard hjir alle kearen in hindere (troch antifa en/of mohammedanisten en harren trawanten). Lykwols wurde dizze minsken net oanpakt, wurdt der yn ‘e media swijd en is dit hielendal gjin probleem (dat Pegida hindere wurdt om te demonstrearjen). Want ja, Pediga, dat is tsjin de goede saak. En KOZP is foar de goede saak… Oant safier de frijheid in dit lân…

  2. Cor Jousma oktober 8, 13:11

    As jo fan Swarte Pyt in Fryske tradysje meitsje wolle, wêrom prate de earste trije fertochten dan o sa Hollânsk yn ‘e rjochtbank?

    De Pompeblêden omheech, mar ús taal omleech!

    Soks heart oars fansels!!

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.