Moaie gearwurking FAKskoalle Dockinga College en Jenaplanskoalle Sint Bonifatius

oktober 8, 2018 19:40

Foto makke troch in meiwurker fan it Dockinga College Fakskoalle

Jenaplanskoalle Sint Bonifatius út Dokkum woe al jierren mear oan it fakgebiet Technyk dwaan. Ferline skoaljier is der in oanset makke troch tiim en âlden fan de basisskoalle om in ‘technyske’ hoeke te meitsjen yn de mienskiplike hal.

De besteande panielen yn dy hoeke binne troch learlingen fan it Dockinga College, lokaasje Fakskoalle, omtsjoend ta echte technykpanielen. De fjouwer panielen binne tiisdei 2 oktober feestlik yn ûntfangst nommen troch acht learlingen fan Sint Bonifatius. Dêr krigen de learlingen ek de kâns om fuortendaliks de hannen út ’e mouwen te stekken. Under begelieding fan dosinten fan de Fakskoalle waard der folop wurke oan de technykpanielen. Der koe in konstruksje foar in hûs boud wurde fan hout en lego, der waarden bannen plakt, fytsljochten foarsjoen fan stroom, in waskbakje oansletten op ôffier en wetterlieding en der koene brêgen boud wurde mei metalen strips, bouten en moeren. Der wie sels tiid tekoart! De beide skoallen sjogge werom op in bysûndere gearwurking.

oktober 8, 2018 19:40
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.