Mânsk boek ferhellet oer New York-dagen Akkrum

oktober 17, 2018 08:16

koetsier Sjoerd Miedema en Janna van der Meer mei de merry Pronkje. – foto: Noordoost.nl/Alex J. de Haan

Plysjeman priuwt as omswalker oan it libben op Fryske eveneminten. Yn it deistich libben is Eric Blaauw motorplysje op It Hearrenfean, mar yn Akkrum kaam er twa wykeinen lang as omswalker op ‘e planken. ,,Ik woe de oare kant fan de mienskip ek ris fan tichteby meimeitsje’’, is syn motivaasje. Mei syn dochter Yoëlle en broer Richard wie er fan ’t simmer te finen op it New York-evenemint Meet me at the Fountain yn Akkrum-Nes.

It ferhaal fan de Feanster omswalkers stiet yn in betinkingsboek dat no al te bestellen is en om de jierwikseling hinne útkomt. Dêryn wurdt ek ferteld dat Blaauw de smaak fan it omswalkjen te pakken hat. Hy is fan doel om faker by soksoarte eveneminten lâns te gean. De opfallende omswalkers krije in apart  haadstik, dêr’t it omswalkersgilde fan it neispile New York yn Akkrum út 1896 wiidweidich yn beskreaun wurdt. Mei sa’n 850 foto’s fan ferskillende fotografen, ferhalen en artikels wurdt in blomryk sfearbyld fan de drokbesochte wykeinen yn juny 2018 sketst.

It boek is in neitins oan it evenemint, dêr’t ynwenners fan Akkrum en Nes harren doarpsgenoat Folkert Kuipers mei earen. Hy emigrearre nei de Feriene Steaten en boude yn 1896 oan Sixth Avenue yn New York it doedestiids grutste warehûs fan ‘e wrâld. De winkel waard yn Akkrum op in skaal fan 1 op 3 neiboud, ynklusyf fjoertoer oant sechtjin meter hichte.

Yn it boek wurdt it evenemint wiidweidich beljochte. De titel Beleef New York anno 1896 in Akkrum grypt werom op it strjitteater, dat troch sa’n seishûndert akteurs, figuranten en frijwilligers brocht waard. Sketskes en akts waarden ôfwiksele mei optredens fan koaren, akkordeonisten, gitaristen, in fioeliste en pianisten. Mei de Big Store en it strjitteater soargen se foar ûnferjitlike mominten, dy’t de New York-dagen ta ien fan de moaiste eveneminten yn ‘t jier fan de Kulturele Haadstêd fan Europa makken. De foto’s en ferhalen yn it boek jouwe in fraai en sfearfol byld.

De mânske útjefte fan 244 siden hat mear as tritich haadstikken: Big Store, Straatleven, De Groepsfoto, Lânferhuzers, Muziek, Dansgroep, Circus, Handel, Horeca, Barbier, Media, Kûpershjoed, Onderwijs, Suffragettes, Brandweer, Politie, Medische Zaken, Baby’s en oudste deelnemers, Spel, Sport, Coopersburg, Modeshow, Bioscoop, Zeepkistsprekers, Waarzeggers, Straatmadelieven, Wasvrouwen, Zwervers, Portretten en De Parade.

Beleef New York anno 1896 in Akkrum is in full-colour útjefte fan Noordoost.nl, It Hearrenfean. It komt út yn ekstra grut formaat, telt 244 siden mei sa’n 850 foto’s fan hast alle akteurs, figurnten en frijwilligers. De priis is € 35,-. Yn de foarferkeap (oant 21 oktober 2018) € 29,75. It is te bestellen fia www.noordoost.nl/mmatf

oktober 17, 2018 08:16
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.