Lustrumkonsert ‘Het Cantoor’ yn Sint-Jabik

oktober 25, 2018 12:38 Fernijd

Fokaal ensemble ‘Het Cantoor’ bestiet fiif jier. Dat sil fierd wurde mei in konsert op 3 november yn de Groate Kerk fan Sint-Jabik. Under lieding fan de ynspirearjende dirigint Tjalling Wijnstra wurde útdaagjende stikken songen.

Nij foar it ensemble binne de opera ‘De Jonkerboer’ fan Paulus Folkertsma, bewurke troch Johan Bijhold (dy’t it ek begeliedt), ‘Jabberwocky’ fan Sam Pottle en it prachtige ‘Drömmarna’ fan Jean Sibelius.
Dêrnjonken wurde suksesnûmers út it koarte ferline fan it koar songen lykas ‘Litanei vom Hauch’ en ‘Lied einer deutschen Mutter’ fan Hanns Eisler, ‘Libera’ fan de Hongaar Lajos Bárdos, ‘Sleep’ fan de Amerikaan Eric Whitacre en ‘Die Nacht’ fan de Eastenriker Franz Schubert en ‘Het meisje van kantoor’ fan Jetse Bremer.

Oan it konsert wurkje mei selliste en lame sonorespylster Annette Scholten en pianiste Nanke Flach. De lame sonore is besibbe oan de sjongende seage, mar troch syn grutte toanberik ek gaadlik om klassyk repertoire op te spyljen. De beide froulju krigen yn 2014 in earfolle fermelding op in ynternasjonaal konkoers op Sisilië. Yn 2015 wiene se op toernee yn de Feriene Steaten en spilen se ek yn Carnegie Hall. Yn Sint-Jabik spylje se ûnder mear ‘Angelo’ fan Tjalling Wijnstra.

It konsert op sneon 3 novimber yn de Groate Kerk fan Sint-Jabik begjint om 20.00 oere. Kaarten binne à € 12.50 foarút te bestellen bij Roelof Veldhuizen, r.veldhuizen11@chello.nl of fia www.hetcantoor.nl

oktober 25, 2018 12:38 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.