Losrinnende hûnen grave gatten yn Fryske diken

oktober 22, 2018 19:08

Op de Waadsee- en Iselmardyk moatte hûnen oan de riem. – foto: Wetterskip Fryslân

Wetterskip Fryslân ropt hûnebesitters mei klam op om de hûn oan de riem te hâlden by it kuierjen op de seedyk. It wetterskip konstatearret hieltyd faker graafskea, oanrjochte troch losrinnende hûnen. Dy gatten bringe de feiligens fan diken yn gefaar. Hûnen meie net losrinne op de Waadsee- en Iselmardyk. Ynspekteurs fan Wetterskip Fryslân kontrolearje fan 23 oktober ôf op losrinnende hûnen. Oertrêders krije in boete fan njoggentich euro. 

Jierliks ynvestearret Wetterskip Fryslân miljoenen euro’s yn de feiligens fan ús diken. Dêrby besteget it in soad soarch oan ûnderhâld fan it gers. “Wy wolle ús moaie diken graach foar elkenien tagonklik hâlde. En feilich, want it is ús taak om Fryslân te beskermjen tsjin oerstreamingen. Dat kin allinnich as we mei-inoar op de dyk passe”, seit deistich bestjoerder Bé de Winter fan Wetterskip Fryslân.

Swakke plakken
Losrinnende hûnen grave alle jierren hûnderten gatten yn de Waadseedyk en de Iselmardyk. It wetterskip makket de gatten sa gau mooglik ticht, mar nei it tichtsjen bliuwe yn de gersmatte noch lang swakke plakken. Gefolch kin wêze dat de toplaach fan de dyk by stoarm en heechwetter útspielt. De gatten foarmje ek in gefaar foar meiwurkers fan it wetterskip, as dy mei trekkers ûnderhâld dogge op de dyk. Losrinnende hûnen sitte ek efter de skiep oan dy’t op de dyk weidzje. Dy soargje foar in sterke gersmatte.

oktober 22, 2018 19:08
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.