Limboarch kriget eigen Sinteklaassjoernaal

oktober 12, 2018 12:20

Ynstjoerd troch Arnold Kramer út Meersen.

foto: Katja Waltmans

Limboarch kriget in eigen Sinteklaassjoernaal. Dat wie yn ‘e papieren edysje fan Dagblad de Limburger fan ’e moarn te lêzen.

Marjolein Damman sil it yn it Nederlânsk presintearje. Der sil in soad yn ferskate Limboarchske dialekten praat wurde, ek troch bekende Limboarchske artysten. It wurdt nei moandei 12 novimber yn ‘e Sinteklaastiid, moandeis, woansdeis en freeds útstjoerd op Lokale Limboarchske stjoerders, op sa’n wize dat it sawat yn hiel Limboarch te sjen en te hearren is.

Op YouTube en ynternet is it grif ek te sjen. De Piten sille foar 95 prosint swart wêze. Ien of twa “Roetveegpieten” sille der ek te sjen wêze. In lokaasje dêr’t it spilet is de Schinvelderhoeve yn Sjilvend/Schinveld.

Mear ynformaasje is te finen op www.limburgssinterklaasjournaal.tv

oktober 12, 2018 12:20
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. L oktober 12, 14:00

    Roetveegpiet, in nij wurd. Wat wurdt dat yn it Frysk, ‘roettoetpyt’ (moaie oefening foar it útsprekken: rû-et-tûût) of moat it ‘skoarstienpyt’ wurde?

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*