Liet fan 1345

oktober 27, 2018 09:16 Fernijd

Resint ferskynd

Liet fan 1345

Foto: Stifting 1345

By Warns dêr wenne in faam,
wie sljocht op har earste leafde,
mar doe’t de fijân dêr kaam
moast hy ek stride foar syn lân.
Se woe leaver net dat er focht
op dy kâlde septimbermoarn.

Untreastber rôp se him nei:
gean net by my wei, myn leafste.
Se wachte mear as in dei
en úteinlik fûn se de moed.
Doe socht se tusken de deaden,
mar de grûn wie sêd fan it bloed.

Se swaaiden en fochten
mei swurden en spearen,
de mannen fan Fryslân
tsjin Hollânske hearen,
dy kamen yn kloften,
Sa waarden wy útput
de fijân te machtich,
mar ús eare wie grut.

Se skriemde dagen fan fertriet,
koe it ûnrjocht net ferneare
dat har feint syn libben dêr liet,
net wist fan de komst fan syn soan.
In soan moast syn heit no misse,
want dy focht en stoar foar syn lân.

De faam wie tige brutsen en skeind
troch smert en ûnrjocht ferwûne,
en om de leafde foar har feint
gong se der alle dagen grif
mei har lyts jonkje op ’e earm
nei in grêf neiby it Reaklif

Sjoerd F. Talsma

oktober 27, 2018 09:16 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.