‘Lief Dagboek’ mei ûnder oare Jörgen út Fryslân

oktober 28, 2018 09:32

Yn Lief Dagboek lêze minsken foar út de deiboeken dy’t se yn harren puberteit skreaune. Foar it earst, foar in folle seal publyk. Spannende, ûntbleatsjende en sjenante ferhalen. Ferrassend, mar faak dochs ek tige werkenber.

Jörgen (foto: NTR)

Wy ha allegear puber west. Elkenien ken de ûnwissens oer jinsels, it sykjen nei in identiteit, de wrakseling mei seksualiteit, de soms muoisume ferhâlding mei âlden en de wrâld om jin hinne. Guon fan ús skreaune de heftichste gefoelens eartiids fan har ôf yn in deiboek. Of yn ferskes of yn dichtfoarm. Mar altyd mei it idee dat se troch net ien lêzen wurde soene.

Mar al dy puberteit leit efter ús. No is it tiid om inoar en de pubers fan no sjen te litten dat wy allegear troch sa’n puberjende perioade gean en der nettsjinsteande alles as folwoeksenen útkomme. Under lieding fan presintator Marc-Marie Huijbregts liezen gewoane folwoeksenen yn it teater foar út harren deiboeken. Sa ek Jörgen, de ûnrêstige puber út Fryslân dy’t syn leafdesfertriet te liif gie mei safolle mooglik seks… (ôfl. 5, 25 nov.)

Yn Lief Dagboek sjocht men net allinnich de optredens, mar ek portretten fan de foarlêzers en hoe’t se har mei Marc-Marie en in dramaturch taretten op har foardracht. Boppedat sjocht men de reaksjes fan âlden en oaren dy’t foar it earst mei de deiboekgeheimen yn ’e kunde komme.

Utstjoering: Sneins fan 28 oktober o/m 2 desimber, 21.20 oere, NPO1.

oktober 28, 2018 09:32
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.