‘Lessen yn it Gaelic binne anty-islamitysk’

oktober 27, 2018 17:24

Subsydzje foar Gaelic yn it Skotske ûnderwiis is diskriminaasje fan moslims. Dat seit Nighet Riaz, in earder gemeenteriedslid fan de Scottish National Party yn Glasgow. Neffens har is der sprake fan “anty-islamitysk rasisme”.

De frou is fan betinken dat der in grutte krapte is oan leararen Oerdoe, de taal dy’t in protte Pakistanen prate. Hja wol dat de oerheid him dêrop konsintrearret. Neffens har mei it net sa wêze dat it Gaelic miljoenen euro’s stipe kriget, wylst “de tradisjonele talen fan net-blanke groepen op skoallen marginalisearre wurde”.

“Wy kinne der net omhinne dat it Gaelic praat wurdt troch blanke Skotten, wylst Oerdoe foaral de taal is fan brune moslims. Dat jout de yndruk dat etnyske minderheden, en dan benammen moslims, net as like Skotsk sjoen wurde as blanke, oarspronklike Skotten”, seit hja.

De Skotske sjonger en taalbeweger Griogair Labhruidh reagearre yn it tydskrift Bella Caledonia tige fûl op de útspraken fan frou Riaz. Hy neamt dy “dom en rasistysk”. “It Skotske taalbelied is foar in part in stribjen nei it behâld fan ús taal, dy’t it dreech hat yn in tiid dat de globalisearring de oarspronklike kultueren oeral oanfalt. It doel is dat wy ús taal, kultuer en tradysje behâlde kinne en dy trochjaan kinne oan de folgjende generaasje, sadat Skotlân net ûndergiet yn in wrâldwiid monokulturalisme.”

 

oktober 27, 2018 17:24
Skriuw in reaksje

4 opmerkingen

  1. mbc84 oktober 28, 00:39

    At je dan sa graach Oerdoe prate wolle, donderje dan op nei dy hellhole Pakistan ynstee hjir de boel yn ‘e fernieling te helpen!

  2. Johannes oktober 28, 10:03

    Wat no MBC84 begjinne jo te skellen op oare minsken, dy ´t gewoan harren taal prate en bewarje wolle, krekt lyk as wy as Friezen ek graach wolle. Dat moatte jo net wer dwaan. As wy it dan dochs oer wat hawwe: werom ferskûlje jo je efter in skûlnamme? Doare jo der net foar út te kommen wa as jo binne? In bytsje bang, dan ek net wer skelle.

  3. Rob oktober 28, 12:01

    In ymmigantetaal dy’t troch mear as 60 miljoen minsken praat wurdt fergelike mei in ynheemske taal fan 60 tûzen minsken (noch gjin 2% fan alle Skotten) slacht fansels nearne op. Soest like goed sizze kinne dat Gaelic in blanke taal is omdat Pakistanen it net leare wolle. Is dat net like rassistysk? Boppedat seit se eins ek noch dat eltse Oerdoeprater moslim is. Ik doar te wedzjen dat dat net wier is. Troch sokke útspraken wurde minsken allinich mar mear rassistysk.

  4. @Nordenslys oktober 29, 10:38

    Och, de moslims fyle harren wer ris oanfallen yn harren posysje; Se wolle altyd mar har eigen taal en brûken behalde wylst se sels nei Skotlân ferhúze binne. Dan passe je jo oan oan dy kultuer en taal! Dat hawwe Friezen dy’t nei Kanada ferhúze binne ek dien.
    En Johannes moat ophâlde apels mei parren te fergelykjen en it foar dizze easkers op te nimmen. MBC84 mei ek syn miening ha en hat gelyk.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.