“Leaver dea as Slaef”

oktober 11, 2018 16:30

Op de earste dei fan de prosessen tsjin de minsken dy’t ferline jier de A7 blokkearren, hongen der troch de provinsje in tal spandoeken. De fierstente djoere saak fan it Iepenbier Ministearje freget no ienris om opmerkingen fan de oare kant.

As ik alles sa goed mooglik lêzen haw, dan tink ik net dat de feint fan Sinteklaas dy’t wy yn parten fan Europa kenne, en Swarte Pyt yn it bysûnder, bedoeld wie om de neikommelingen fan de slaven op it sear te traapjen.

Wol fyn ik dat dyjinge dy’t de leuze “leaver dea as slaef” yn dizze kontekst tinkt brûke te moatten, him ris yn de skiednis ferdjipje moatte soe. Us foarâlden yn de Feriene Sân Provinsjes, dus de Friezen ek, hawwe de slaven yn de wingewesten gauris sa tamtearje litten dat se miskien wol leaver dea wiene as slaaf. Skerp aksje fiere is fan alle tiden, mar net oer de râne!

Cor Jousma,
Feanwâlden

oktober 11, 2018 16:30
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.