Kultuerferslaving

oktober 26, 2018 16:56

Soe it mooglik wêze om ferslaafd te reitsjen oan kultuer? Dat begjin ik my ôf te freegjen nei trije fearnsjier alderhande keunstuteringen meimakke te hawwen yn it ramt fan de kulturele haadstêd.

It begûn mei de futuristyske iepening op it Saailân, doe folgen Marijke Muoi yn in tsjustere Grutte Tsjerke en it maatskippykrityske Lost in the Greenhouse yn in broeikas yn Seisbierrum. Sûnt dy tiid is der gjin wike foarby gien of wy dompelen ús ûnder yn in nij kultureel barren yn it ramt fan LF2018: fan topeveneminten yn Ljouwert as de Reuzen fan Royal de Luxe, de Escher-útstalling, Conference of the Birds en de Stormruiter oant lytsskalige foarstellingen “Fan Underen Op” ûnder de flagge fan Under de Toer yn doarpen as Berltsum (mei de Klokken fan Berltsum) oant stedsjes as Hylpen (mei Het Fluitschip). Lokkigernôch krige hjirby it Frysk by tiden dochs noch syn gerak lykas ek yn It Lân fan Taal, mar wat foarstellingen oanbelanget bleau LF2018 haadsaaklik in Hollânsktalich feestje. Lykwols, it is dúdlik dat Fryslân dit jier brûsde fan kultureel elan! Dat jout hoop foar de takomst.

No is de Kulturele Haadstêd aansens ôfrûn en driget 2019 in kultureel swart gat te wurden as troch jildkrapte en budzjetoerskriedingen flink besunige wurdt op kultuer. Dat kin liede ta ûtwenningsferskynsels of sels trauma’s. Der sit neat oars op as dat provinsje en gemeente Ljouwert in projekt opsette om kultueradepten ôfkicke te litten. It oanbieden fan sokke projekten soe ûnderdiel wêze moatte fan de legacy njonken âlve fonteinen, dy’t troch gebrek oan jild foar ûnderhâld aansens drûch driigje te fallen.

Jehannes Elzinga – Frjentsjer

oktober 26, 2018 16:56
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.