Kommissaris Brok ferfart nei Frjentsjer

oktober 3, 2018 12:46

foto: Provinsje Fryslân

Kommissaris fan de Kening drs. A.A.M. Brok ferfart yn it lêst fan dit jier nei Frjentsjer. Hy hat dêr in wenning kocht oan de Voorstraat 45.
Sûnt syn oantreden as kommissaris, ferline jier maart, wennet er yn in hierhûs yn Balk. “In prachtich plak yn in moaie omjouwing mei geweldige minsken. Dat sil ik grif misse. Mar ik woe graach wat keapje, haw in soad huzen besjoen en tink dat dit it bêste by my past.”

It hûs stiet yn it sintrum fan Frjentsjer. “It is in rom hûs. Dat woe ik graach, ek om gasten ûntfange te kinnen.”

 

 

 

 

 

 

oktober 3, 2018 12:46
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.