Kofje Spesjaal oer Fryske steedhâlder Willem Frederik troch Johan Steendam

oktober 15, 2018 08:33

Ofbylding: Tresoar

Eltse freed om stipt healwei fjouweren kin men ûnder it genot fan in bak ‘kofje spesjaal’ mear te witten komme oer stikken út de kolleksje fan Tresoar. Yn tsien minuten fertelle meiwurkers oer harren topstik, litte it sjen en miskien meie jo sels wol efkes fiele. Foarôf of nei de tiid kin de útstalling ‘Topstikken’ bewûndere wurde. Kofje spesjaal wurdt servearre yn de publykskantine op de earste ferdjipping (tee mei fansels ek).

Op freed 19 oktober 2018 fan 15.30 oant 15.40 oere fertelt Johan Steendam fan Tresoar oer it briefke mei it bloedplak fan de Fryske steedhâlder, graaf fan Nassau. Yn 1664 rekke dy in ûngemak mei syn eigen pistoal slim ferwûne, sa bot, dat er net mear prate koe. Hy koe allinne noch kommunisearje mei briefkes. In pear dêrfan binne bewarre bleaun, ien dêrfan sit in bytsje bloed op. Dizze Kofje Spesjaal is yn it Nederlânsk. Oanmelde is net nedich.

Sjoch foar mear ynformaasje op de webside fan Tresoar.

oktober 15, 2018 08:33
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.