Klimaatpanel Feriene Naasjes: gau maatregels nedich om opwaarming te beheinen

oktober 8, 2018 08:41

De opwaarming fan de ierde moat beheind bliuwe ta op sym meast 1,5 graad om it risiko op drûchte, oerstreamings, ekstreme hjitte en oare slimme gefolgen foar hûnderten miljoenen minsken te beheinen. Om dat foarinoar te krijen moatte driuwende en net earder fertoande maatregels nommen wurde, warskôgje foaroansteande klimaatwittenskippers yn in nij rapport fan it Klimaatpanel fan de Feriene Naasjes IPCC.

Foto: pixabay.com

It rapport waard yn ’e nacht fan snein op moandei yn Súd-Korea presintearre. 195 lannen waarden it dêr de ôfrûne wike iens oer de tekst. It rapport wie in winsk fan de bestjoerders dy’t it klimaatakkoart fan Parys yn 2015 oerienkamen.

Neffens de auteurs binne de maatregels te beteljen en út te fieren, mar se jouwe ta dat de stiging fan op syn meast 1,5 graad de ambisjeuze kant fan it klimaatakkoart fan Parys it neist is. Dêr is yn ôfpraat om de stiging te beheinen ta tusken de 1,5 en 2 graden Celsius yn ferliking mei it begjin fan de yndustriële revolúsje.

Dy heale graad makket neffens de auteurs in tige grut ferskil. Om de opwaarming te beheinen moat de CO2-útstjit yn 2030 mei 45 persint ôfnaam, en yn 2050 ta nul werombrocht wêze. De kosten fan neat dwaan, binne noch folle grutter as yngripen, warskôget it IPCC. It rapport wurdt oanbean op de FN-klimaatkonferinsje yn Poalen ein dit jier.

De IPCC wiist derop dat klimaatferoaring al geande is, sjoen de ferwoastende orkanen yn de Feriene Steaten, rekôrdrûchte yn Kaapstêd en boskbrannen yn Laplân. Alle lytse bytsjes ekstra opwaarming sille de gefolgen fan klimaatferoaring fersterkje.

As de hjoeddeiske koers oanholden wurdt, dan sil de opwaarming fan de ierde yn de rjochting fan de trije graden gean.

oktober 8, 2018 08:41
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.